Sneon 21-4-2018

Weppers freed 20-4-2018
20 april 2018
Weppers snein 22-4-2018
22 april 2018

Hawwe jim wat te melden oer ien fan dizze wedstriden, of hawwe jim in leuke foto of ferslach makke, mail it nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl. En appe kin fansels ek nei 06-55117582.

G.n.t.

Sawol de MO15 as de MO17 hat sneon frij. Yn beide gefallen hat de tsjinstanner te min spylsters……..

19:30 NOK VR2 SDS VR2 3-2
20:00 GAVC VR2 SDS VR2 5-1
20:30 SDS VR2 SC Bolsward VR3 2-1
09:00 ST SDS/Nijland JO15-3 SC Bolsward JO15-5  3-2
09:00 SDS JO10-1 Heerenveen JO10-3
09:00 SDS JO10-2 Beetgum JO10-1
09:00 SDS MO15-1 ONS Sneek MO15-1  g.n.t.
10:00 SDS JO9-2 Terschelling JO9-1
10:00 SDS MO13-1 Zeerobben MO13-1  5-1
10:30 ST SDS/Nijland JO15-1 MKV’29 JO15-2  4-0
10:40 SDS JO17-1 SJO Oudega/HJSC/Heeg JO17-1  1-2
11:15 SDS MO17-1 SJO J.V. Oostenburg MO17-1  g.n.t.
12:45 SDS JO19-1 ST IJVC/Blauwhuis JO19-1  1-0
13:00 SDS VR1 Mulier VR1  5-0
15:00 SDS 2 Knickerbockers The 4  2-0
15:00 SDS 3 IJVC 3  4-0
08:45 LSC 1890 JO11-7 SDS JO11-2  3-2
09:00 SWZ Boso Sneek JO13-5 SDS JO13-2  12-3
09:00 S.C. Stiens JO11-2 SDS JO11-1  2-0
09:00 SC Bolsward JO9-2 SDS JO9-1
09:00 Oosterlittens JO8-1 SDS JO8-1
13:00 Zeerobben JO17-3 SDS JO17-2  6-0
13:00 AVV JO15-1 ST SDS/Nijland JO15-2  6-1
14:30 NOK 1 SDS 1  2-3
15:00 SWZ Boso Sneek 2 SDS 4  6-1

Ferrassende oerwinning fan SDS 1

Under deselde omstannichheden as ferline jier mocht SDS út nei NOK. Doe waard der op sneon 22 april 0-0 spile en wie it prachtich moai waar. Dat wie no net oars. SDS miste aardich wat spilers troch blessures e.d. wat betsjutte dat good-old Feite de Haan en Anne Stenekes en ‘good-young’ Robin van de Weg en Luuk van der Schaar opdrafe mochten by SDS 1.
SDS begie knap oan de wedstriid en liet al gau sjen te gean foar in oerwinning. Hendrik de Jong wol dit seizoen syn 100e goal meitsje yn SDS 1 en begie dan ek skerp. It levere wat kanskes op wêr ’t NOK hielendal neat tsjinoer sette. SDS stie by de rêst dan ek hielendal terjochte foar nei twa goals (nûmer 98 en 99) fan Hendrik.
Doe ’t SDS der yn de twadde helte ek noch 3-0 fan makke út in eigen goal fan in NOK’er soenen je sizze dat de wedstriid spile wie. Tsjin in ploech wêr as Loet Boot de trainer is sil dat allinnich net gau sa wêze. NOK struts de mouwen omheech, sette der twa oanfallers by en it waard sa ek noch 3-1 en 3-2. Tuerlijk sitte je as SDS’er dan net mear noflik de lêste 10 minuten fan de wedstriid, mar des te grutter is de ûntlading as de skiedsrjochter foar it lêst fluitet. In kreaze oerwinning yn Aldemardum wêr as foar it lêst troch SDS 1 wûn waard yn 1992.

SDS  2 wint fan de Knickerbockers

Vandaag de lastige wedstrijd tegen Knickerbockers, immers, in de uitwedstrijd was dit de enige ploeg die ons via hun zeer goede middenveld finaal overklaste.
Dan helpt het niet dan we Anne en Feite aan het 1e moesten leveren, die hadden wat personele problemen. Daarom  een iets aangepaste speelstijl gehanteerd, niet vol op de aanval maar van achteruit opbouwen, en een beetje loeren op een counter. In de eerste minuut gelijk succes, via een klus hield Dirk de bal bij zich en scoorde de 1-0.
Daarna hadden de gasten verreweg het meeste balbezit maar onze verdediging stond vandaag fantastisch te spelen en anders stond Marten er nog. Zo nu en dan een counter en de grootste kansen waren eigelijk toch voor ons.
Tot rust veranderde de score niet.
Na rust op dezelfde voet verder, en weer in de eerste minuut score we. Jurjen onderschept de bal door vooruit te verdedigen en geeft een schitterende pass aan Dirk, die koel op snelheid de keeper passeerd en 2-0 maakt. Knickerbockers probeert uiteraard zo snel mogelijk de aansluitingstreffer te forceren maar het middenveld en de verdediging speelde een dijk van een wedstrijd, met voorop in de strijd  Jurjen en Jort, die het erg druk hadden, maar per minuut beter werden, Marten heeft nog een paar zeer knappe reddingen en de spitsen blijven loeren op een scherpe counter. Eigenlijk zou de  3-0 sneller vallen dan de 2-1, en op karakter en met een fantastische inzet hielden we stand. In de strijd om de degradatie-wedstrijden te ontlopen, 3 zeer welkome, en zeer zeker, verdiende punten. Mannen, een zeer goede teamprestatie, fantastische inzet vanaf minuut 1. Grote klasse.
Boudewijn Kramer

SDS VR 1 skoart 5 kear

SDS Vr1 bliuwt kreas twadde yn de kompetysje troch in moaie oerwinning op Mulier  VR1. Doelpunten Seriette, Agnes, Sieta, Seriette en Tjitske. Einstân 5-0.

SDS 3 wint fan IJVC

SDS 3 bliuwt mar winnen en stiet no sels al tredde yn de kompetysje. Juster wûnen sy mei mar leafst 4-0 fan IJVC 3. Wy sjogge út nei de doelpuntenmakkers.

SDS 4 ûnderút

SDS 4 koe it juster net bolwurkje tsjin SWZ BOSO Sneek 2 en ferlear mei 6-1. Tseard Ronaldo Verbeek makke de ienige SDS goal.

JO15-3: Sneon 21 april stie de topper tsjin SC Boalsert Jo15-5 op de list. En in topper waard it!

Beide teams hiene oant no ta gjin ferliespunten. Boalsert wol in wedstriid minder. Dizze wedstriid gie om it earste plak yn de kompetiesje.
SDS/VVNijland moast hjoed Rutger misse. Derfoar yn it plak wiene Benthe Okkema en Marrit Hiemstra bereid om mei te spyljen. Sa dwaande koene we de wedstriid nei fertrouen temjitte sjen. Wij begûnen mei Lennert op de goal, Jelte en Pieter W. op de backs, Jetse en Marrit centraal achteryn, Tim en Thomas op de vleugels, Wilco en Joop centraal en Thiadmer en Pieter B. yn de spits. Fanôf it bgjin wiene beide teams wat nerveus. De bal kaam bij beide kanten hast net yn de 16. Doch waard der wol goed oerspyle en gie de bal snel oer it fjild, maar der kaam net gefaar foar de goal út. Mei de waarmte derbij (it wie prachtig waar) frege it in soard energie fan ús fleugelspylers. Healwei de earste helte kamen Jarno, Sije, Roy en Benthe der yn. Dat wie foar de tsjinstanner ferrassend en koene we sels al inkele kânskes creëre. Der kaam yn de earste helte gjin goal. We giene mei 0-0 nei de thee.
Yn de twadde helte seagen we dat beide ploegen net foar in gelyk spul spylje woene. Lokkich mar, it waard in echte derby. Ek goed fuotbal. Troch ús druk nei foaren kamen der ek gatsjes yn de dekking. Derfan koe Boalsert profitere en stie it nei rust snel 0-1. Dit skodde SDS/VVNijland wekker. Der kaam in toskje bij. Mei ús middenfjild dat earder druk sette, krigen ús spitsen ek earder de bal. Mei snel oerspyljen en de djipte sykje koene Joop, Wilco en Sije de bal bij Pieter krije en waard it 1-1. Mar Boalsert joech net op en sette wer op nij druk. Us ferdiediging Marrit, Roy/Jelte en Pieter W. en Jetse as slot op de doar, lieten sjen dat we net foar neat san bytsje tsjingoals ha dit jier. Se koene de saak goed ticht hâlde efteryn. Toch kaam in skot fan Boalsert der ûnferwacht troghinne. Mei in raar stuitsje yn de bal koe Lennert him net krije 1-2.
Ús fjild moast breder en dat diene wij. Mei Tim en Sije kamen der steeds mear djippe ballen oer de flanken op Benthe en Pieter B. Sa krigen we trije fertsjinne kânsen. Derfan hie der wol 1 yn mocht. De klasse fan Benthe makke it ferskil, mei in rusch hast fanôf de middenline oer links, spile se sich sels hielendal frij foar de keeper. Dy baalde, want de bal gie tusken syn fuorten de goal yn! 2-2. Wat in prachtig fertsjinne goal.
Mar in gelyk spul is net wat it team woe. De fermoeiheid spile ek al wat parten. Druk sette waard dreger. En dat betsjut dan dat de lange bal wat faker spile waard. Boalsert bliuwde ek kânsen sykjen, mar Marrit en Jetse hiene centraal de saak goed ticht. De backs koene dertroch ek faker mei druk sette. In lange pass fan Pieter W. kwam sa mooi bij Tim die syn lêste energie yn in spurt nei foaren sette. Hij skeat op de goal mar de keeper koe him fuort slaan. Mar Pieter B. en Benthe letten goed op. De bal kaam bij Pieter en die sette him opnij fan rjochts foar. Tim stie klear en makke dan dochs de 3-2! It Zweitse Huitema stadion kolkte. Wat in spanning, wat in striid! De lêste 5 minuten wie it foaral goed ferdiedigje en de counter spylje. Mei Benthe en Pieter joeg ús dat ek noch 2 kânskes. Ek Boalsert krige noch 2 goede kânsen mar Lennert wie skerp en pakte de ballen.
Sa koene we disse topper mei winst ôfslúte. We stean no allinnich oan kop! It is no saak efkis de rêst te pakken yn de fekânsje. Dan kinne we ýs klearmeitsje en tariede foar de lêste 3 wedstriiden. Alle supporters tige dank foar de stipe en alle oare frijwilligers foar de ynset! Oant oare kear.
(Hans, Eelke en Gosse)

Toppers bezorgen Vv Heerenveen een kater.

Heerenveen dacht bij een ruststand van 1-3 staan we mooi bovenaan.
Nou ik zeg achteraf wat jammer. De 1e helft kregen we als eerste de beste kansen maar helaas kwamen we toch weer achter maar dat komen we wel eens vaker en nu zat ik er niet over in.
Maar bij rust had ik toch iets van mmmmmmm.
In de 1e helft en in de rust was ik niet echt vriendelijk niet goed natuurlijk positieve stimuleren is beter.

De 2e helft heeft het echt wat met ze gedaan binnen 9 minuten een omkeer van 1-3 naar 5-3 waardoor de frustratie bij de tegenstander hoog opliepen.
En jahoor met een 8-5 en een mooie excuses van de coach liepen we van het veld.

Bam Mmmmhhhh dat was een 2e helft met winnaars mentaliteit

Dennis (koach JO10-1)

Poiesz-aksje


Justerjûn de feestjûn fan Poiesz wêr’t de bekendmakking wie fan de opbringst fan de muntenaksje. Alle minsken dy’t munten sammele hawwe tige tank en de grutste tank giet út nei Poiesz…..

Efkes Balje

Juster wie de dei fan de muzyk fan de jierren 70. De hiele dei wurdt dan in berop dien op de herinnering en sels bij it skriuwen fan dit stikje bin ik it noch net kwyt. It wie fansels ek in Perfect Day (Lou Reed) om Efkes te Baljen want al dat hurde wurkjen is leuk en aardich mar úteinlik binne wij Born to run ( Bruce Springsteen)
4 moasten it opnimme tsjin 5: De 4 kamen earst wat doelpunten efter mar dêrnei stadichoan útrinnend nei in moaie foarsprong en sa waard it Une belle Histoire (Michel Fugain). Fol Dynamite (Mud) wiene de 4 hieltyd op tiid werom en it foel foar de 5 net mei “the brick út the wall” (Pink Floyd) te sjitten. Yn wanhoop rôpen se My Sweet Lord (George Harrison) oan mei in op it fuotbal rjochten Mijn Gebed ( DC Lewis). It holp net echt.
De tiid wie de grutste tsjinstanner, want de waarmte en it gedraaf begongen tol te easkjen. Om 9 oere fûnen de 5 harren Waterloo (Abba) en rôpen de 4 harren sels út ta Heroes (David Bowie).
Yn de lytse finale wer in selde byld mar doe wiene it de 5 dy’t mei de 2-1 oerwinning Back Home ( Golden Earring) koene: It Weekend yn…. (Earth & Fire)

It Efkes Baljen wie wer Top of the World (Carpenters).
The Four Tops: Wouter, Harrie, Menno en Aant
The Fabulous Five: Syb, Klaas, Pieter, Frank en Wybren