Weppers moandei 23-4-2018

Weppers snein 22-4-2018
22 april 2018
Teamyndielingen famkes 2018-2019
24 april 2018

SDS 4 tiisdei los

SDS 4 moat tiisdeitejûn ynhelje. De reis giet nei Snits. De arena leit op it Schuttersveld en de tsjinstanner is WPB 6.
It is net de ienige ynhelwedstriid fan SDS 4 : sneon 28-4 tsjin Mulier, tiisdei 1-5 tsjin Scharnegoutum 3 en sneon 5-5 tsjin Heereveense Boys.

Seal team tiisdei ek los

SDS seal sil tiisdeitejûn oantrede tsjin Woudend 1. Om 20.55 giet it los yn Balk.

Bekerje

Der sit neffens ús noch ien team yn de bekerstriid:  SDS VR1  mei woansdeitejûn nei Ternaard om tsjin de pleatselike froulju te baljen. It begjint dêr yn West Dongeradiel om 20.00 oere.

Keepersdei

Kommende sneon 28 april is net foar it earst de SDS keepersdei.  Wij sille fannewike fêst noch wat ynformaasje krije.

Frij

De mannen fan SDS 2 en 3 kinne efkes rêstich oan dwaan. Sy hawwe sawol sneon 28 april as sneon 5 maaie frij fan it fuotbaljen.

SDS-League

De nijste stân fan de SDS-League komt gewoan wer op tongersdeitejûn om 20.32 oere. Dit kear telde allinnich it trochdewykse programma fan ferline wike.

Harsens derby (2015)

Dúdlik?!