Weppers snein 21-9

Utslaggen sneon 20-9
19 september 2014
Weppers moandei 22-9
21 september 2014

Wêr is Ruben?

Hjoed foar it earst as team kompleet, dus mar efkes op de foto.
Wy gau opstelle en de âlders efkes in foto meitsje.
Toen wy thús kaamen waarde mei de foto al efkes tastjoerd.
Mar toen ik d’r in skofke nei siet te sjen kaam ik d’r achter da’t der mar 9 spilers opstiene yn plak fan 10.
De grutte fraach is no…. Wêr wie Ruben op it momint dat de foto makke waard.
Hy stie letter wol klear op it fjild en siet nei de wedstriid gelokkich ek wer yn de auto.
Herman

Wêr binne de wanten fan Jan?

Jan Bootsma is twee weken terug na de training zijn keepershandschoenen vergeten.
Helaas waren ze de dag erna verdwenen.
Weet iemand waar ze zijn? Ze waren nog vrij nieuw; merk Reusch.
Jan kan nu niet meer keepen voor zijn team.
Wie kan hem helpen??
Mvg Wietske Bootsma
Tirns
06-41126687

Tsjin wa yn de beker?
Op 18 oktober spilet SDS 1 foar de beker tsjin twadde klasser de Wâlde 1. It is in thúswedstriid foar SDS.

Foto’s Henk Bootsma
Henk Bootsma hat ferline wike foto’s sjitten by SDS 1 – SC Joure 1. Jim kinne se hjir besjen.

Hoe hat SDS 4 spile?
SDS 4 hat juster yn Boalsert spile. De útslach is ús net bekend. It soe wêze kinne dat it komt troch it “feessie fan Daan”, omdat hij koartlyn 50 jier wurden is. No mar hoopje dat se de útslach fan juster noch witte…
Fia mail en whatapp krije wij troch dat it 0-2 wurden is en dat Robert S beide doelpunten skoarde

Wat stiet der op de holle fan Boudewijn?

Ek Boudewijn Kramer moatte wij noch lokwinskje mei syn 50 jier ôfrûne freed. Lokwinske dus en noch folle jierren!