Utslaggen sneon 20-9

Seleksjes sneon 20-9
18 september 2014
Weppers snein 21-9
20 september 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

      útslach
09:00 SDS D2 Bl. Wit ’34 D7  5-2
10:00 SDS E3 Sleat E1  0-1
10:00 SDS E4 LSC 1890 E9  9-1
10:30 SDS D3 Dronrijp/Foarut D4  3-3
11:00 MINILEAUGUE    
12:00 SDS A1 S.C. Stiens A1  3-5
14:30 SDS 1 DWP 1  4-0
14:30 SDS 5 IJVC 3 1-2
09:00 Heerenveen C4 SDS C1  g.n.t
09:00 Scharnegoutum’70 E1 SDS E1  8-4
09:00 Tzum F1 SDS F2  7-1
  Jacob St. C1 SDS C2  
09:45 Oudega/HJSC D1 SDS D1  0-5
10:00 Workum E5 SDS E5  0-4
10:25 Leeuw. Zwaluwen B1 SDS B1  1-2
11:35 Blauw Wit ’34 MD1 SDS MD1  0-6
12:30 Makkum 2 SDS 2  2-2
14:00 Oudega VR1 SDS VR1  8-2
14:30 Bolsward 4 SDS 4  0-2
15:00 S.C. Stiens VR3 SDS VR2  
16:40 Blauw Wit ’34 B3 SDS B2 4-4


SDS 1 – DWP 1
SDS1 moast hjoed tsjin de koprinner DWP. Dat de ploech terjochte boppeoan stiet lieten se hjoed yn Easterein net sjen. It kin ek wêze dat de St Jutsters noch yn de war wiene fan de rit fan harren wenplak nei Easterein ta. It gie bij de oankomst bij de Skoalleseize yn alle gefallen oer : “wij riden troch Itens en wij troch Rien en heb jij wel eens van de Klieuw gehoord”. Mar goed, it soe net goed wêze om it tamme spul fan DWP dêr oan ta te skriuwen. SDS hat de goeie foarm gewoan te pakken dit jier: it stiet goed en der wurdt fol fjoer en mei in soad ynset striden foar elke meter en dat resultearret ek noch wer yn moaie oanfallen en in soad kânsen. Boppedat waard foaral yn de earste helte efter neat fuort jûn mei in sterk sintrum fan Jacob en Feiko en Harm dêr krekt foar. De beide fleugel ferdigeners Elger Turksma en foaral Ewout de Boer koe syn meters mar meitsje want hij krige alle romte om op te kommen.
Sûnder Wytze Lanting mar wol wer mei de jonge Teun Heeres, en  it sterke duo Haitsma-Okkema op it middenfjild hearste SDS op alle fronten.
De spitsen Jelmer Posthumus en Hendrik de Jong wiene in grutte pleach mei harren rin- en balaksjes.
Dat it bij it skoft noch 0-0 stie wie in wûnder, want De Wite Peal hie it dreech. Doelman Jaap Toering hie wol trije kertier letter komme kind want fierder as in fangbal, in stompbal en wat úttrapen kaam hij net.
Dat je yn it skoft net wat omhingje moatte of noch gau ien bestelle foardat je de posysje oan de line wer opsykje, die ek no wer bliken. De earste de beste oanfal waard no wol benut troch Jelmer Posthumus dy’t de koarte hoeke opsocht. SDS kaam hielendal los en yn koarte tiid foelen ek de oare 3 doelpunten. Feiko skoarde al wer fia in prachtich “bekeken” skot en Jelmer wraksele him ek noch in kear foarbij de doelman en makke de 3-0. Ynfaller Dirk de Jong makke de fjirde. Der wie noch wol 20 minuten te gean en SDS rekke of wat wurch of de konsintraasje wie efkes fuort. It kin ek wêze dat se Jaap Toering de kâns jaan woene om in pear prachtige reddingen te dwaan. Bauke Dijkstra en de supersnelle Pieter de Vries mochten ek noch efkes oantrede mar nettsjinsteande in oantal libbensgrutte kânsen bleau it 4-0. Skiedsrjochter Vinke fluite in prima partij. Konkluuzje: trainer Frans Munsterman hat it goed foarelkoar want it is seker net ferfelend dit jier efter it stek te stean.
(ah)

Makkum 2 – SDS 2 2-2
SDS pakte juster syn earste puntsje fan de kompetysje. Yn Makkum waard mei 2-2 lykspile nei mei 2-0 efter stien te hawwen. By de rêst wie it noch 0-0 mei tank oan Pieter Kamstra dy ’t as keeper in penalty keerde. Yn de twadde helte makke Makkum nei sa ’n 10 minuten de 1-0 en nei de 2-0 like de wedstryd spile. Makkum krige noch kânsen, mar it wie ynfaller Hendrik Engbrenghof dy ’t der 2-1 fan makke en krekt foar tiid sels ek noch de lykmakker.
Kommende sneon mei SDS 2 thús tsjin DWP 2.

SC Bolsward 4 – SDS 4    0-2
Twa doelpunten fan Robert Sijbesma.

SDS 5 – YVC 3    1-2
“Der hie mear ynsitten” sa liet de topskoarder fan SDS 5 ús witte nei ôfrin. Hij hie wol skoard mar de Dryltster kypmantsjes skoarden twa kear.
Topskoarder bij SDS 4 is dus Eeltsje Postma.

A1 laat punten liggen
A1 trad aan tegen Stiens. Een mooi combinerende ploeg met fysieke kracht en niet al te snelle backs. Op de vleugels lagen dus de kansen vandaag. Binnen tien minuten verspilde SDS dan ook meteen drie zuivere kansen. Scoor je ze wel dan wordt het een monsteruitslag. Zeker omdat de Stiensers het door veel gemopper zichzelf ook goed lastig maakten. Maar de brilstand bleef en dus scoorde Stiens. Kleine fouten worden op dit niveau direct afgestraft. Sytsma maakte snel gelijk. Toch gingen we met een achterstand de box in. Frans Munsterman gaf een korte clinic en de opdracht voor de 2e helft was duidelijk: bal in de voeten, rust in het spel en alleen de lange bal als het niet anders kan en er ruimte ligt. Met veel passie werd de gelijkmaker en de voorsprong afgedwongen. Toch was daarmee de koek op. Alleen nog maar lange ballen leidden tot niets. Stiens profiteerde knap en liep geflatteerd, maar verdiend uit naar 3-5.
Conclusie: tactisch nog heel veel te leren voor de mannen van Boudewijn. Dat maakt het spelletje ook leuk, toch.
Tjerk, interimcoach A1


Leeuwarder Zwaluwen B1- SDS B1  1-2
Om half 11 ging de wedstrijd tegen Leeuwarder Zwaluwen van start in Leeuwarden.
Na  10 minuten kwamen de Leeuwarder Zwaluwen op een voorsprong 1-0. SDS zette druk en scoorde de 1-1 via Jorrit Veldman na goed voorbereidend werk van Habtamu. SDS kwam nog voor rust op een voorsprong : Wesley schoot de bal er via de paal in. In de tweede helft waren er wel kansen aan beide kanten maar het bleef 1-2! De eerste punten dit seizoen zijn binnen!
Groeten van Hâns Bootsma SDS B1

Oudega Vr1`- SDS Vr 1    8-2
Carmen en Tjitske skoarden foar SDS.


Workum E5 – SDS E5 (0-4)
Us earste kompetisjewedstriid nei trije nederlagen ien de beker wie hjoed út nei Workum.
De grutste ergernis foar my as leider is in overvolle klaaibox. Hjoed wie it wer raak! In klaaibox, net grutter as dy fan SDS, wer’t fjouwer teams yn propt wurde. Dus mar gau omklaaie en it fjild op om efkes yn te skoppen. Mar dat wie al in lyke grutte teleurstelling. Nergens wie romte om efkes in baltsje te traapjen. Dus mar wachtsje oan’t de wedstriid begjinne soe en hoopje dat elts gelyk ynspiele is. Dêr hie ik dan as leider neat oer te klagen. Wy wiene gelyk goed skerp. Wy sieten d’r boppeop en lieten gjin bal troch. Ik hie mei de bekerwedstriiden al aardich beoordele kinnen wa’t wêr it bêste spielje kin en koe d’r mei it trochwikseljen moai struktuur ynhâlde. Elts net langer as 2-3 minuten oan de kant en wer trochwikselje. Ferbazingwekkend hoe’t elts oerspiele en de romte opsocht. No makke Workum it ús op it middenfjild ek net echt moeilik dus hiene wy alle tiid om de bal rûn gean te litten. D’r waarden moaie kânsen kreëert en ús spitsen krigen genoch kânsen om te skoren.Mei 2-0 giene wy de rust ien. De twadde helte wie nog better. De bal gie moai rûn en duels waarden hoofdzakelik wûn. Ek de twadde helte koene wy nog twa kear skoore en setten de einstân dêrmei op 4-0. Fjouwer moaie goals… mar krekt sa belangriik…. wy ha efterien de nul hâlde kinnen. Workum hat gjin echte grutte sjitkânsen krigen. Jesse (ús keeper) moast ien kear echt ien aksje komme, mar die dat goed. E5, prima spiele! Nije wike mar wer sa…

 
Herman

SDS C1 hat sneon frij
VV Heerenveen C4 is üt de competitie stapt en dertroch hat de C1 sneon frij !
Pieter de Boer

SDS Vr2 ek frij
De wedstryd tusken SDS VR2 en Stiens VR3 giet sneon ek net troch.