Weppers moandei 22-9

Weppers snein 21-9
20 september 2014
Weppers tiisdei 23-9
22 september 2014

Topskoarder
Wij binne noch mar trije wykeinen ûnderweis mar kinne al fêstselle dat wij in ferrassende topskoarder hawwe op dit momint. Sjoch
hjir mar ris.

Ploech minder
SDS 2 hat dit seizoen twa sneonen frij. Leovardia 2 is út de kompetysje stapt. Sa bliuwe der noch 11 teams oer. Sneon 4 oktober is SDS 2 no frij.

SDS-League
Dizze wike sille de SDS-League-kommisje dwaande mei it ynfieren fan de nije teams yn de SDS-League. As alles tige meisit dan komt tongersdeitejûn de earste stân.

Oudega/HJSC D1    SDS D1
De twadde kompetysje wedstryd fan SDS D1 wie ofrune sneon yn ‘e Hommerts tsjin in kombinaasje fan Oudega en HJSC.  It begjin wie dudlik foar de thusploeg. Sy krigen in oantal kansen, mar it wie Tjerk die us nei ungefear 5 minuten op een 1 – 0 foarsprong sette. Mar Oudega/HJSC bleauwde de gefaarlikste ploeg en op dat stuit wie it oan Jeffrey te danken dat we de 0 halden. Nei in omsetting op it middenfjild healwei de earste helte kriig SDS mear grip op de wedstriid. De ferdiediging stie goed en we krigen ek it middenfjild wer yn hannen. Dertroch kamen der kansen foar us en dat levere foar rest noch twa doelpunten op die makke waarden troch Ruerd en Tjitse ut in penalty.  Reststan 0 – 3.                                  
Ek de twadde helte wie foar SDS en it waard 0 – 4 troch in rake kopbal  fan Tjitse nei in prachtige foarset fan Luka. De 0 – 5 waard makke troch Merijn, die nei in moaie, snelle oanfal de bal binnen tikje koe.  Alle spylers fan SDS in dikke foldoende. We stean no boppeoan mei 6 punten
Nye wike thus om 8.30u tsjin Blauw Wit ut Ljouwert. Dat wurd freedtejûn betiid op bed !!!!  
Theo
.

Alderaardichst
fashion2

Harsens derby(1338)
Knap goaltsje!