Weppers snein 21-5-2017

SDS JO15-1 wint en slút seizoen hast ôf
21 mei 2017
Slotdei jeugd grut súkses!
21 mei 2017

Slotdei SDS-senioaren en frijwilligers en sa op sneon 3 juny

SDS organisearet op sneon 3 juny in SDS-slotdei foar alle senioaren, froulju, Efkes Ballers, sealfuotballers, A’s en B’s, frijwilligers, supporters en wa mar wol as moaie ôfslúter fan it seizoen.
Ûnder it genot fan in hapke en in snapke kin it seizoen noch moai efkes oereide wurde. Je kinne je hjir opjaan foar it fuotbalmikstoernoai en/of de barbeque. It fuotbaljen begjint om in oer as 14.00 oere en de barbecue rûn in oer as 17.38. oere. De barbecue kostet €10,- p.p., frijwilligers binne fergees. Muzyk draaie wy sels en jûns kinne wy moai mei syn allen de Champions League-finale efkes sjen.

7 kear

Tjitske Heeres skoarde juster mar leafst 7 kear bij VR1. Yn de twadde helte makke se gewoan 5 efterelkoar. In prestaasje fan formaat.

Slotdei SDS-jeugd

Ôfrûne freed wie de slotdei fan de SDS-jeugd. Jûn nei 18.00 oere in ferslach hjir op de webside mei foto’s.

Finales

De nije oanwinsten Habtamu de Hoop en Mathijs Postma komme nei de simmer wer by SDS, mar sitte no noch by de JO19 fan ONS. Sy spilen dêr juster yn de neikompetysje út tsjin PH Almelo foar in plak yn de 3e-Divysje en wûnen mei 2-0. Yn de folgende ronde meie sy no twa wedstriden yn in derby tsjin SWZ JO19. As sy dat winne dan spylje sy op 7 juny noch in finale. Sawisa steane sy 10 juny al yn de bekerfinale.

Skoallekampioen


Bij it woansdei holden skoallekampioenskip wiene de jonges en de famkes fan de Foareker it sterkst. Op de foto’s blide jonges en famkes mei harren swierbefochten en fertsjinne medaljes….

Harsens derby (1892)

Ho!