SDS JO15-1 wint en slút seizoen hast ôf

Sneon 20-5
19 mei 2017
Weppers snein 21-5-2017
21 mei 2017

Oudegea/Heech/Hommerts/Jutryp JO15-1 – SDS JO15-1 : 1 – 2

Fjouwer wike lyn seine Ferry en ik tsjin elkoar; At we no ris 6 punten helje ut de leste 3 wedstriiden, dan is foar us it seizoen al mear dan slagge. De earste fan dizze serie wie yn Emmeloord tsjin de Flevo Boys. Sunder sels hiel goed te fuotbaljen wurden hjir in goeie oerwinning behelle, 0 – 4. Ferline wike tsjin Blau Wyt wie dit wat dreger. De earste helte hiene we it net makkelik, mar de twadde helte wie goed. Utslach 3 – 0.
En dan hjoed tsjin de nummer 3 ut de kompetysje, sunt desimber 2016 net mear ferlern. En mei 4 doarpen byelkoar kinne je fansels in aardich team delsette. Mar dat kinne wy ek !!! It wie juster prachtig waar en wat is der no moaier as spylje op in echte, iets wiete, gersmatte. Us start wie fantastisch, want nei 2 minuten komt Tjerk allinich op de keeper of en skoart behearst yn it hoekje. Fuort dernei krige Merijn in 100% kans, mar de bal stuitte krekt op doe hy sjitte soe. Dit is ek de charme fan echt gers, mar foar us no wol efkes spitich.
Mar we bliuwe goed fuotbaljen en binne eins folle better as de tsjinstander. Logisch gefolch derfan wurd it healwei de earste helte 0-2. In eigen goal, mar seker wol us fertsjinste. We geane mei 0-2 de rest yn. De twadde helte itselfde byld. SDS fuotballet better en de tsjinstander rekket wat frustreare. De grutte mid-mid wurd wat gemiener, mar wy halde de kop der goed by en binne fel in de duels.
Dochs wurd it nei 10 minuten yn de twadde helte 1 – 2. Eins koe net ien hjir wat oan dwaan, want it wie gewoan in goed utspyle oanfal. Yn dizze fase ha we in efkes dreech. It sil dochs net sa weze dat we sa goed spylje en net winne. We bliuwe fjochtsjen foar eltse meter en stadich oan kantelt de wedstriid wer de oare kant ut. We krije noch in pear beste kansen, mar de bal wol der net yn. Sa bliuwt it oan t de leste sekonde ta tige spannend.
En dan is it tiid en ha we wer in (dik fertsjinne) oerwinning behelle. By thuskomst sitte we noch efkes lekker nei te geneitsjen mei in bakje kofje en voetbal.nl derbei. It stiet der dan toch mar moai; Foar it earst yn de 1e klasse en dan it 4e plakje !!!!

En dan giet de doarbel en stiet de hiele seleksje op e stoepe mei in presintsje foar Ferry en my.

Der wie ek noch taart en drinken regele en sa wie it tige gesellich. Nei dizze fersnaperingen giene de mannen al gau nei buten, want der seagen se in bal yn e tun lizzen. En fuort beginne se wer te fuotbaljen. En dat op us moaie stikje gers efterhus. Ferbiede ??? Nee fansels net, de jeugd moat fuotbalje !!! In pear oeren letter geane de mannen wer rjochting hus. Se moatte harren klear meitsje foar de juns, want dan geane de measten wer mei elkoar te “beunen” under it genot fan ice-tea, chips en snackjes.
Wat is it foar us in foarrjocht west om mei dizze groep jongens te wurkjen. Beslist net allegeare freonnen fan elkoar, mar wol in hiel hecht team. Jeffrey, Michael, Wiltsje, Eeltsje, Anco, Luka, Tjitse, Douwe Jan, Ruerd, Sander, Merijn, Tjerk, Stan, Kevin, Gerrit, Almer en alle alders, it wie in geweldich seizoen !!!! Speciale dank ek noch oan Harry Kooistra, us feste flagger /mental coach en fansels Wouter Hijlkema, hij kaam us tiisdeis fersterken tiidens de trainingen.
It binne tige spannende wiken west, mar we kinne us no eindelijk rjochtsje op it kommende seizoen. Dizze groep giet hielendal oer nei de JO17. As ofsluter komt der ynkoarten noch in BBQ en miskien ek noch wol in wedstriid tsjin de heiten. Om kans te meitsjen tsjin dizze jongens ha wy as heiten hjir en der wol wat fersterking nedich. Hjir wurd hurd oan wurke !!!!

Ferry & Theo.