Slotdei jeugd grut súkses!

Weppers snein 21-5-2017
21 mei 2017
Weppers tiisdei 23-5
23 mei 2017

De slotdei foar de jeugd fan de JO9, JO11 en JO13 (D’s, E’s en F’s) wie ôfrûne freed in grut súkses. De jeugdkommisje hie der wer wat moais fan makke. Pieter Sijtsma hie it programma makke as skoalopdracht mei help fan Lourens van der Pol. Sy hienen it mei Rinske Joustra, Lize Schuurmans en Willem Overal moai foarelkoar. Wetterwille hie wer in pear moaie fuotbalspultsjes delsetten. Sa stie der in snelheidsmeter, in moaie stoarmbaan en in megagrut dartboerd. De mannen koenen ek wer genietsje fan in lekker bakje patat fan Folkert ‘Roel’ Nijdam en Hans ‘José’ Veenstra. As slagreame op de taart wie der de jierlijkse penaltybokaal. By de JO9 wûn Geert-Jan Diever, by de JO11 Timen de Boer en de JO13 Rutger Sijbesma. Yn de finale slagge Timen de Boer der úteinlik yn om it meast te skoren tsjin de keepers Mark Klijnsma en Gert-Jan Hiemstra wêrtroch hy de fan troch gie mei de wikselbeker.
Pieter Sijtsma syn leraar kaam noch efkes del en wie hartstikke tefreden.
De JO19 en JO17 fiere harren slotdei op sneon 3 juny mei de senioaren, froulju, sealfuotballers en Efkes Ballers en sa.
De JO15 hat op sneon ek de ôfslúter mei in mikstoernoai om in oer as 13.00 oere en dêrnei in dikke hamburger!

Timen de Boer mei syn gefaarlijke linkerfoet

 

Timen de Boer wurdt besprongen troch syn teamgenoaten!

Timen de Boer, Geert-Jan Diever en Rutger Sijbesma.