Weppers snein 19-9

Ut- en ferslaggen sneon 18-9
17 september 2010
Weppers moandei 20-9
19 september 2010

Ferslaggen
Fan meardere alve-of sântallen krije wij koarte ferslachjes binnen. Dy binne
hjir te lêzen.

Oefenje
SDS 2 hat no 0 punten út trije wedstriden. Om hjir wat oan te dwaan sil der tiisdei oefene wurde. Sy oefenje yn Âldegea tsjin St. Anne om 19.30.

Minskenwurk
Lit ús mar sizze dat de kompjoeter fan de KNVB in skoft lyn syn bêst goed dien dien hat. Dy kompjoeter hat gegevens fan
 de fjilden, fan de tsjinstanners en fan de skiedsrjochters bijelkoar brocht yn in moai programma op 18 septimber foar SDS. 24 wedstriden rollen der út. Mar ûndanks dat geweldige tinkwurk fan de kompjoeter en ûndanks dat alles op papier klopte, kin it best wolris oars gean, want fuotbal is minskenwurk en dêr heakket it noch wolris:
Tsjinstanners fan SDS Da 1, SDS 4,5 en 6 hawwe te min spilers, SDS Da2 hat te min spilers, SDS D4 stiet om 11.15 klear mar tsjinstanner Robur D2 komt net opdagen, SDS A1 stiet klear mar de skiedsrjochter is der net. En miskien is der noch wol mear wat wij net witte. At minsken it ôfwitte litte, dan klopt in programma nea.

Yn sân hasten
Jelle de Boer tocht dat hij in frije fluitsneontemiddei hie. Mar om 14.32 krige hij dochs noch in tillefoantsje. At hij SDS A1 efkes fluitsje woe, want de skiedsrjochter wie der net. Dat like Jelle in goed idee. Dochter Neeltsje wie al op it sportpark, reesde Skrok lâns en helle Jelle op, sadat de wedstriid dochs noch foar trijen begjinne koe. Moai dien Jelle.

Gjin pingels
Juster moasten de fjilden sparre wurde y.f.m. it folle wetter wat der fan ‘e wike fallen wie. Dit betekene dat de F’kes dus gjin pingels nimme mochten. Wy hoopje dat it it fjild goed dien hat.

Feyenoord – Ajax
Fannemiddei om 12.30 begjint de klassieker Feyenoord – Ajax. De Jimbar sil it skerm wol wer oan hawwe.


Harsens derby(295)
Thierry Henry hat skoord, mar docht de keeper per ûngelok noch in kear sear: