Weppers snein 19-6

Slagge weppers
18 juni 2011
Weppers moandei 20-6
20 juni 2011

Transfernijs(4)
Der sille wer hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-Feyenoord Hadouir wol hawwe wol
-Elia yn byld is by Chelsea
-Roorda gewoan by Heerenveen bliuwe wol
-Drenthe it leafst by Benfica (te let op trainen) komt
-Sneijder te djoer is foar Manchester United

Feest edysje WK 16 juni 

Fanof tongersdei stie hiel Wommels yn it teken fan de doarpsfeesten, en dan gjit alles oars as oars. Sa ek tiidens dizze edisje fan it WK. Dr doche hast noait froulje oan mei en dus foar my in kans om mei te dwaan. Dr wie sein dat ik 1 kear mei dwaan mocht, mar út it kommentaar nei it WK blieke dat de mieningen hjir intern oer ferdield binne. Dêr moat dus nog mar ris oer praat wurde.
By oankomst foel my op dat dr expliciet rekkening mei hâlden wurd welke kleur shirt je oandoche, omdat dit bepaald by wie je sitte. Wer wat neis leart, dus at dr beoordeeld wurd of ik nog ris mei dwaan mei sil ik dêr folgende kear ek op lette.

De opkomst wie frij goed en om 20.00 oere koene we los.

Wat foel der dizze edysje fan it WK op? 

– Johan P. hie de reflexen fan in leeuw.

– Jelmer P. steech heech boppe de rest út mei moaie aksjes en in hiel soad goals (6, 7? Wy binne de tel kwyt).

– Arjan P. rint nog steeds mei twa stjerren en sûnder H.

– Erik H. stoppe dermei omdat hy lêst hie en woe net metien oan it bier.

– Hendrik E. stjit nog op it fjild om em hinne te sjen hoe hy in panna kriig fan Gerard.

– Ralph ‘The Black Pearl’ fjilde sich wer hielendal thús yn Wommels.

– Bram hie ‘Schweinsteiger’ achter op stean en probeare ek sa as Bastian te fuotbaljen.  
– Panna Postma (Eeltje) woe even sjen of hy syn namme nog wol ear oandocht en wie nei ien panne self sa ûnder de yndruk dat it gefolch eigenlyk gjin pass te nimmen is.  

– Ate Feike tocht: ach nu we er toch zijn..

– Willem W. wie nei de kapper west en koe de bal dizze kear sjen.

– Gerard sette Hendrik E. even te plak mei in geweldiche panna.

– Sytse H. kin ien els gefal better ballen sjitte dan foto sjitte..  

– Jacob Klaas hie syn beste momint nei it WK (en dat seit in soad) mei in moaie oneliner nei oanlieding fan syn gesprek mei Hendrik E. ‘Even no-look praat’.

– Henk P. wie nergens mear nei de panna fan Jelmer P en kin himself de winnende goal oanrekkenje. 

– Paulo hat syn wolfertsjinne debuut makke.

– Hjalmar woe dúdlik meitsje dat hy dr ek wer ris wie en hat op sa’n bytsje elk plakje stien. 

– Tsjipke O. wurd net samar ‘Sjipke’ neamt; wie it fjild no sa glêd of stroffele hy oer it niveau?   
– Marije makke ek har debuut en hie ien goeie aksje. Se liet even sjen hoe je in bal moai oannimme (út de loft plukke en stil lizze).
 

Team Donker:

Tsjikpe O, Sytse H., Hendrik E., Erik H., Ralph, Bram, Jelmer P., Arjan P, Paulo 

Team Gekleurd:

Johan P, Eeltje, Ate Feike, Willem W, Gerard, Jacob Klaas, Henk P, Hjalmar, Marije 

Yn it begjin gongen beide ploechen redelyk lyk op, mei oan beide kanten in pear goeie kansen. Úteindelyk kaam Team Donker op in 4-2 foarsprong troch swak ferdedigjen fan Team Gekleurd en sakke de moed wat fuort. By it oankondigjen fan de winnende goal, die altyd as hiel belangryk sjoen wurd, gong Team Gekleurd der hielendal foar en tikke de bal lekker rûn. Litte we sisse, Barcelona wie dr neat by. Dit resulteare yn in oantal moaie kansen, mar sa as Team Donker al oankondige hie ‘Dit brekt jim op’. It wie wachtsjen op de counter en toen Henk P. mei in panna útspyle waard, koe – wa oars dan Jelmer P. oanlisse foar de winnende goal. It shirt gong út, de fans waarden opsocht en sa waard dit doelpunt fiert alsof de Champions Leage binne wie.

Nei ôfrin kamen de alcoholiske fersnaperingen der by en wie de feest edysje fan it WK compleet.  

Namens de ienichste froulike dielnimster fan dizze edysje,

Marije de Vries

Harsens derby (498)
Dizze past no hartstikkene moai yn dizze rubryk: