Slagge weppers

Weppers freed 17-6
16 juni 2011
Weppers snein 19-6
19 juni 2011

Slagge(1)
Wy kin melde dat Martin Rienstra slagge is foar syn eksamens op de VAVO. Fan herte lokwsinke!

Slagge(2)
Gearard Posthumus wie tongersdei earste mei de sletterace op de Wommelser Feesten en hy wist ek noch te melden dat hy de “autoped”-(step)âlvestêdetocht snein ek folbrocht hat. Hy krijt fan ús de dûbele felisitaasjes!

Slagge(3)
De broers Koster moasten tiisdei hiel Fryslân troch om in hântekening te krijen fan in bestjoerslid fan VV Nijland foar oerskriuwing fan VV Nijland nei TOP’63. It is úteinlik slagge. Fan herte lokwinske(……….Nijlân!).

Slagge (4)
Freek Tichelman wit ús te melden dat hy en syn broer Jehannes de earste 2 oefenwedstriden by Gronitas goed trochkaam binne. Jehannes fuotballe goed en Freek skopte der “gewoan” 2 frije trapen yn. Fan herte lokwinske!

Slagge (5)
De nije Treffer is klear en leit by de besoargers. Wy hoopje dat it slagget dat der dit wykein by jim troch de bus falt.

Slagge (6)
Jaap Toering is mei syn freondinne Sascha dizze wike op fakansje yn de buert fan Barcelona. Mei sa ’n 25 graden deis tinke wy dat harren fakansje aardich slagge is.

Slagge?
De helte fan de wepmasters hat neat mei feesten en is dit wykein mei de lisfyts fuort. Wy hoopje dat hy ek neat mei moai waar hat, want oars liket dit net in slagge wykein om der mei de fyts op út………….

Net slagge(1)
De skouts fan Nijlân hienen ôfrûne sneon net allinnich belangstelling foar keeper Harm-Jan Kamstra mar dy iene wepmaster sûnder burd seagen sy ek wol by Nijlân fuotbaljen. Hy hie wol belangstelling mar allinnich as stofsûger Ate-Feike de Boer ek meigiet. Dit gie net troch wêrtroch alles ôfblaast is.

Net slagge (2)
De peloters fan Easterein hawwe juster yn in spannende finale om it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote mei 10-9 ferlern fan Dronryp.

Alwer slagge
Wommelser kampioenskip 16 juni
Fan it wk des feesten hat gjin ien it program……….
Nimmens it WK-bestjoer
Alg. Stat. Dir. H.k. Engbrenghof
Verzonden vanaf Samsung Mobile

Slagge(oars “harsens derby (497)
“Normaal” sjitte je sa ’n bal der fansels “gewoan” yn: