Weppers snein 19-6

EK-League nei 21 wedstriden
25 juni 2016
Loftfoto’s Skoalleseize
25 juni 2016

Oan alle SDS leden
De kleedboksen en it B fjild is al klear en oer 6 a 7 wiken is it nije keunstgêrsfjild ek klear.
Der is in kommisje gearsteld om oer de iepening fan it fernijde sportkompleks nei te tinken.
De kommisje bestiet út in pear minsken fan kf Easterein, SDS en Skoalleseize.
Fanút SDS wolle wy de leden freegje om mei ideeën te kommen, sadat wy dit mei nimme kinne.
Jim kinne dit maile nei Tjerk Vd Pol en/of nei Douwe Dirk Reitsma
Tjerkvanderpol@home.nl en reitsmadj@hetnet.nl
We binne benijd,
Tjerk en Douwe

Nije SDS-side
5-Online is drok dwaande om in nije webside te bouen foar SDS. Hy is noch net klear, mar wy kinne wol alfêst ferklappe dat it der kreas út komt te sjen.

Midsimmercup
Sneon waard der wer striden om de Midsimmercup yn Dronryp. In striid dit kear sûnder SDS…… Folgend seizoen is de Midsimmercup op 10 juny, dus dan sil der fêst ek wol wer in ploegje SDS’ers meidwaan.
Winner bij de hearen waard: Sneek Wit Zwart
Winner bij de froulju waard: VIOD

Ut de skroefen….
De Argentijnen wienen juster út de skroefen doe ’t sy de heale finale fan de Copa America hellen…..