Weppers snein 18-11

Ut- en ferslaggen 17-11
16 november 2012
Weppers moandei 19-11
18 november 2012

Pupillen fan de wike
De pupillen de wike meie nei ôfrin fan de wedstriid fan SDS 1 allebeide in spiler útsykje wêr’t se mei op de foto wolle. De erfaring leart dat it meastal in doelpuntenmakker, in bekende of de doelman is. Opfallende kar dizze kear fan Benthe Anne Okkema en Jente Schraa. Sij hawwe it wierskynlik hiel gesellich hân yn de dugout mei Skelte en Jacob Klaas want dat wiene harren favoriten. Nei de patat en it drinken moasten se de fleurige spilers út de kantine helje en in fotomakker sykje.


Foto’s
SDS 1 hat juster wer ris wûn en dat barde dit seizoen noch net sa faak. Mar goed dat Henk Bootsma der foto’s fan makke hat….. Mooglik helpt dit SDS 1 sa troch te gean.

Op krukken
Peter Stuiver (SDS 4) foel blesseard út yn de wedstriid tsjin Hielpen 3. Nei in besite oan it sikenhûs die bliken dat der in skuorke yn de kûtbonke siet en sa krukte hij letter op de middei de kantine yn.

WK-futsal
Fannemiddei om 13.30 op Eurosport de WK-finale futsal tusken Brazilië en Spanje.

Alde doaze
Ek hjoed wer
in foto út de doaze. In kampioensalvetal fan it seizoen 1984-1985.

Goed regele
Der binne wolris tiden west dat der yn de bestjoerskeamer wol gauris in priiske foel fan it draaiend rêd. Dy tiden lizze efter ús. Der kin no gjin fertinkingen mear wêze. Pep de Boer slingere it rêd justermiddei mei gong yn de rûnte en de rollade foel bij…….Eddy de Boer. 
Noch in kear dan. In draai en de woarsten kamen te lâne bij Oebele Anema, dy’t hiel tafallich bij Eddy oan tafel siet en de woarsten dus diele moast mei……Eddy de Boer. Dan wurdt noch útsocht at Pep famylje is fan Bote Strikwerda want dy gie mei twa prizen nei hûs en de rest fan de prizen wiene foar Anne Brouwer. Allegear tafal dat fûnen de mannen fan SDS 5 ek……

In kaart
De earste nachtfroasten binne west. De earsten tinke al wer oan in moaie tocht lâns 11 stêden. Mar dan moatte je wol in kaart ha lykas
hij.

Lipdubbe
Op it Fûnemint yn Wommels sitte hiel wat fuotballers fan SDS. Dat se allegear goed fuotballe kinn, sjogge wij sneons, dat se ek goed lipdubbe kinne, sjogge jim
hjir.

Harsens derby(891)
SDS 3 hat dit seizoen noch net in punt pakt. Miskien is it in idee om ris in reserve-keeper mei te nimmen:


Letter miskien wol mear!