Weppers snein 17-6

Slachteweppers
15 juni 2012
Weppers moandei 18-6
17 juni 2012

SDS EK-League
De SDS EK-League hat der 18 wedstriden opsitten. Sjoch
hjir foar de aldernijste stân(gean nei “vv SDS” en druk op “stand”).
Ek ferrassende útslaggen docht Anne Stenekes neat. Hij bliuwt gewoan oan kop. Bulder dy’t juster de Slachte rûn hat bliuwt op de loer stean.
Underoan hawwe wij noch wol hoop foar Dooitze, mei in Sytse Hibma flak yn de buert.

Wol of net troch?
Yn de SDS EK-League binne der mar leafst 10 lju dy ’t der fanút gean dat Nederlân mei minimaal 2 goals ferskil wint fan Portugal. Fan dizze 10 is der ien (Paul Reitsma) dy ’t tinkt dat Dútslân ferfolgens net wint fan Denemarken. De oare 9(Jan Mulder, Foeke Reitsma, Peter Sybesma, Jacob van Wieren, Johan Delfsma, Lolke Hofstra, Gert-Jan Hessels, Skelte Anema en Sytze kooistra) tinke dat Dútslân “gewoan” wint. Neffens Skelte wurdt it jûn sels net iens spannend. Nederlân wint mei 4-0 en Dútslân mei 5-1. Wy sette al ús jild op Skelte. Alles of niks…..

Kantine iepen

Slachterin
Der binne juster goeie prestaasjes levere troch SDS-ers yn de slachtemarathon. Gert Jan Hessels wie de snelste draver. In oantal tiden fan SDS-ers.

Gertjan Hessels 3:52:48
Tsjipke Klaas Okkema 3:57:53
Meinte Wesselius 4:04:54
Rienk Wiersma 4:12:52
Syb Overal 4:15:18
Martijn Rispens 4:17:48
Jildert Hijlkema 4:20:57
Wouter Hijlkema 4:20:58
Ids de Boer 4:49:19
Rinse Joustra 4:49:19

Wij seagen ek noch wol wat âld SDS-ers lykas Henk Ruiter en Dick Schuurmans. En fansels wat heiten en memmen fan jeugdleden.
Alle útslaggen kinne jim
hjir sjen.

EK grapke
Van Marwijk wol net op gers spylje mar op papier. Wêrom? Op papier is van Persie syn beste spits.

Harsens derby(790)
Somtiden is pisjen nofliker as………… it ophâlde:

Letter mooglik mear!