Slachteweppers

Weppers freed 15-6
14 juni 2012
Weppers snein 17-6
16 juni 2012

SDS EK-League
De SDS EK-League hat der 16 wedstriden opsitten. Sjoch
hjir foar de aldernijste stân(gean nei “vv SDS” en druk op “stand”).
Anne Stenekes bliuwt bliuwt oan kop mar sjocht de konkurrinsje ticht genôch bij om net efteroer te leunen.
Underoan is it al flink feroare. It tuskenspul fan Jelle Wiersma is goed want hij lit no hiel wat minsken efter him. Dooitze is meast ûnderyn te finen bij de SDS – leagues en dat is no net oars. Dat sil wol gjin tafal wêze.

Efkes Balje
De opkomst wie matich, it waar wie prachtich de wil wie grut en der wie wat jeugd oan it baljen. Dat waard kombineard. Jong en âld, grut en lyts makken der in prachtige partij fan. Wylst Tjerk van der Pol thús miskien de ôfwask wol die, skitteren twa fan syn soannen op it perfekte fjild yn Wommels. Nee der wer neat mis mei dizze edysje fan Efkes Balje. Spannend wie it oan it beslissende doelpunt ta, dat makket waard troch Pieter van der Pol.

SDS 1

SDS 1 hat juster it seizoen ôfsluten op it keatsfjild yn Wommels mei iets wat op keatsen like.

Lokwinsken
De slachtedei lokwinsken binne foar Mette Postma, sij wurdt 17 jier en Arnoud Meijer, hij wurdt 12 jier.

Harsens derby(789)
As Wesley Sneijder dit no moarn ek efkes docht dan hoefe wy der noch mar ien(wêr hawwe wy dizze goal fan ‘e wike earder sjoen?)