Efkes Balje 14-8

Weppers freed 14-8
14 augustus 2015
Weppers snein 16-8
15 augustus 2015

Fit mei Femke
Omrop Fryslân hat it dizze simmer wakker drok mei it tema “Fit mei Femke”.  Doel skynt te wêzen dat it foar elkenien mooglik is om nei wat trainingen om in kilometer as 7 te draven. Dêr wurdt hiel wat ophef oer makke en it soe mij net ferbaze dat dit streekrjocht útstjoerd wurdt…..
Juster wie der in alternative “Fit mei Femke” sesje tidens it Efkes Baljen.
Femke Hylkema wie juster de ienige froulike dielnimster en moast har steande hâlde tusken mar leafst 15 mannen. De opkomst wie sa grut dat in oantal jeugdige spilers (dy’t soms meidwaan kinne. at er te min binne) oan de kant bliuwe moasten.
Femke joech yn de earste minuten it foarbyld hoe’t it krekt net moast, want sij skeat op de latte en dy telde dus net. De hearen wiene warskôge en troch de oanwêzichheid fan Femke waard dan ek in heech nivo helle.
Of kaam dat hege nivo troch de ôfwêzichheid fan in oantal superveteranen en troch de oanwêzichheid fan mar leafst trije A-spilers. Dúdlik wie dat it op it skerpst fan de snee gie. Betiden……  De earste partij bouden de hesjes in moaie foarsprong op fan 5-2 mar sij moasten ta sjen ta de hesleazen mei 5-4 ticht bij kamen.
Bij it wynstille waar is de healwei njoggenen klok hast net te hearen sadat in ûnôfhinklike taskôger  oanjaan moast dat it tiid wie. Efkes wie der in protest fan Lourens, dy hie dúdlik ynstruksjes meikrigen fan Tjerk oer de rigels.
De hesjes wûnen dus en dat wie de oaren min nei de sin.
In skerpe finale dy’t nei in fûle striid wûn waard troch de hesleazen. Allegear wer tefreden minsken en de jûn waard noch efkes nei beklonken mei in bierke fan Remco út in krat fan Hertog Jan. Dat it foar sommigen in toarstige striid west hie, liet Jorrit Veltman sjen. Hij hie al twa op doe’t in inkele de earste noch suver dopje moast.

At je witte wolle wa’t de hesjesploech en de hesleazenploech wie, besjoch dan de foto’s