Weppers snein 15-8

Weppers sneon 14-8
13 augustus 2010
Weppers moandei 16-8
15 augustus 2010

D4M
De measte trainingen fan de jeugd begjinne dizze kommende wike. Sa net de famkes fan D4m. Sij begjinne moandei 23 augustus om 17.00 oere. Sa lit Sieta Tessemaker ús witte.

Traine
Henk Bootsma seach dizze
wike ek efkes op de training bij SDS1. En syn konkluuzje wie dat de spilers net “útfanhús” binne bij Jaap de Blaauw. Der moat wol gebeure.

…….Marten en Jaap wiene in soad oan de bal…


…..en in bal heech hâlde kin Marten like goed as Erik….


…..en Jaap de Blaauw lit noch ien kear sjen hoe heech hij syn foet noch krije kin……

Lang ûnderweis
Soms heare je fan dy ferhalen dat kaarten of brieven lang ûnderweis binne. Bij email kin dat ek. Juster krigen wij in email binnen fan André Bons:
Andre Bons zegt : 23 earsten
En dat wie in antwurd op in fraach dy’t wij 3 augustus stelden.

Trainingen
Kommende wike begjinne de trainingen wer foar de jeugd. Sjoch de weppers fan freed foar mear ynformaasje.

Yndielingen
De jeugdkommisje hie foar de fakansje in foarloapige yndieling makke. Mar yn de fakansjetiid binne der noch 16 mutaasjes west en dat kin soms ta echte feroaringen liede. Wij hawwe dit wykein de jeugdyndielingen bijwurke oan de hân fan de nije listen dy’t wij krigen ha. Mar ek nei hjoed kinne der noch saken feroarje.
In oantal nije leden binne noch net te finen bij de yndielingen mar dat hat alle oandacht.

Tip

Wij jouwe soms wolris wat tips om hinne te gean. Seker at der gjin fuotbal is. En soms wurde dy tips ek noch  opfolge. Henk Bootsma, yn Wommels hikke en tein, hie noch nea bij it fierljeppen yn Winsum west. Justermiddei der hinne en it docht bliken dat it ljeppen ek in goeie sport is om moaie foto’s te meitsjen. Sjoch hjir foar mear foto’s.