Weppers sneon 14-8

Weppers freed 13-8
12 augustus 2010
Weppers snein 15-8
14 augustus 2010

Trainingsdei
Neffens it programma dat wij earder krigen ha, hat SDS 2 hjoed in trainingsdei. Traine, prate, ite, prate, traine.

Fuotbal op hynders


André Vink wie yn Limburg tsjûge fan wol in hiele bijsûndere fuotbalwedstriid.

Bekerprogramma
Wij krigen fan de wedstriidsikretaris it bekerprogramma. Hjir alfêst de wedstriden fan nije wike.

21-8-2010 14:30 SDS A1 – Frisia A2
21-8-2010 9:00 SDS C1 – Oosterlittens C1
21-8-2010 9:00 SDS E1 – RES E1

21-8-2010 9:00 JV Bolsward D1 – SDS D1
21-8-2010 11:00 Mulier F1 – SDS F1
21-8-2010 11:00 Scharnegoutum’70 B1 – SDS B1
21-8-2010 13:30 Oeverzwaluwen 4 – SDS 5
21-8-2010 14:30 AVC 2 – SDS 2
21-8-2010 14:30 Oudega 1 – SDS 1

Tip fan hjoed
It is hjoed fierljeppen yn Winsum. De Fryske kampioenskippen. Der wurdt op dit stuit fier sprongen dus miskien de muoite wurdich om efkes te sjen.

Roekrock
Fan Sjoerd van Beem krigen wij noch in kreas
promo filmke fan RoekRock, dat hjoed holden wurdt. Jûn kinne jim Sjoerd fêst ek yn Weidum treffe bij Ilenois en Elske de Wall

Fytsfanaten 
Set it alfêst yn’e aginda: Snein 10 oktober
Rûnom Easterein 2010
Mear ynformaasje folget ynkoarten!
Út namme fan de organisaasje, 
Dirk-Yde

Jupiler League
Justerjûn gie it wer los yn de earste divisie. Cambuur wûn troch in kopbal fan Sander van der Heide, mar it momint fan de jûn kaam út de wedstriid MVV-Volendam. It stiet 2-1 foar MVV at de ploech út Maastricht in frije traap nimme mei. En bart
dit