Weppers snein 14-11

Utslaggen 13-11
11 november 2010
Weppers moandei 15-11
14 november 2010

Tikkie-Terug-Jaap
Der kin wer ien byskreaun wurde yn it Tikkie-Terug-Jaap-klassemint. Jentsje Jorritsma makke juster by SDS 3 – IJVC 2 mei in prachtige kopbal efteroer in goal. Spitich genôch gie de bal oer syn eigen keeper Sjoerd van Beem hinne en bedarre de bal dus yn de boppehoeke fan de eigen goal.

Doelpuntenmakkers (1)
De útslagen fan juster binne ús allegear bekend, mar wy misse noch wol wat doelpuntenmakkers fan bijgelyks SDS 1 en SDS 2 . Soenen jim se ús maile wolle?

Doelpuntenmakkers  (2)
De doelpuntemakkers bij Tsjom DA1 – SDS DA1:
De earste wie in kadootsje fan Tsjom, fanút in frije traap fan Okkie.
Noch gjin 2 min. letter sjitte ús nij talinstje Manon de bal krekt lâns de keepster. 
Fan DA2 hie ik begrepen dat Jitske har doelpuntensaldo mei 1 ferhege hat. En Antsje de oare makke hie.
Hoe en wat wit ik net fan’e wedstryd. 
Groetsjes!
Tryntsje

Heuglik
Juster wie it in heuglike dei foar it frouljusfuotbaljen by SDS. Alle frouljusteams kamen thús mei 3 punten. Da1 wûn yn Tsjom mei 2-0, Da2 wûn mei 2-1 yn Snits fan LSC 1890 2 en D4M wûn thús fan JV Bolsward D6M mei 2-1.

Read
Juster wie Sanne-Rixt Jorritsma fan D4M mei de âldere froulju fan Da1 mei en krige in reade kaart. Wy tochten dat sy in primeur hie mei har reade kaart by de froulju, mar dat kloppet net. Har suster Jildou wie de earste by de froulju dy ’t ea in reade kaart krige………..

Fan herte lokwinske!
Tsjipke Okkema is hjoed jierdei! Hy is hjoed 26 jier wurden. Fan herte lokwinske!

Gewoantebisten
Mannen binne gewoantebisten sizze froulju. Yn in inkel gefal giet dat seker op. Sjoch foarhinne ponghâlder Popko Wijnia. Ferline wike seach hy tidens de wedstryd SDS 1 – Kollum 1 efkes op syn klokje en rûn hy om 15.25 fan de “SDS-Bunnik-side” nei de kantine. Syn maten seagen al wat nuver, mar tochten dat hy nei it húske moast. Doe ’t hy nei sa ’n 10 minuten werom kaam waard alles dúdlik. Hy fûn it al wat rêstich yn de kantine en kaam der doe efter dat de wedstryd fansels om 15.00 begûn wie en net om 14.30 wêrtroch it noch lang gjin rêst wie…….

Feyenoord – SC Heerenveen
Fannemiddei om 16.30 is Feyenoord – SC Heerenveen. Fansels in perfekte tiid om dizze wedstryd efkes yn de Jimbar te besjen. Wy hoopje dan ek de Jimbar dan iepen is.

Harsens derby (332)
Dy eigen goal fan Jentsje wie juster fansels alderaardichst foar de neutrale taskôger. Dizze docht it heechstwierskynlik noch better: