Utslaggen 13-11

Seleksjes sneon 13-11
11 november 2010
Weppers snein 14-11
14 november 2010

Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.

    útslach
9:00 SDS F4 – LSC 1890 F6  0-13
9:00 SDS D4M – JV Bolsward D6M  2-1
10:30 SDS B1 – Sleat B1  9-1
10:30 SDS 6 – Berlikum SC 5  ôflast
12:30 SDS 3 – IJVC 2  3-1
12:30 SDS 4 – VVI 3  4-2
14:30 SDS 5 – Scharnegoutum’70 4  4-2
14:30 SDS A1 – Franeker SC A1  2-3
11:00 Scharnegoutum’70 C1 – SDS C1  0-0
12:30 LSC 1890 DA2 – SDS DA2  1-2
14:00 Dronrijp D1 – SDS D1  3-3
14:30 VVI 1 – SDS 1  3-2
14:30 Flevo Boys 3 – SDS 2  2-3
16:15 Tzum DA1 – SDS DA1  0-2

VVI 1 – SDS 1
SDS 1 wie better neffens de ferhalen, mar kaam wol “gewoan” mei 3-0 efter. SDS 1 kaam al werom, mar by 3-2 wie de wedstryd dien. De doelpuntenmakkers binne ús net bekend.

Flevo Boys 2 – SDS 2
SDS wie lykas SDS 1 ek better neffens de ferhalen, mar kaam ek efter en wol mei 2-0. Doe ’t der by Flevo Boys ien blesseard ôfgie en ien mei read koenen de romtes noch makliker benutten wurde. SDS 2 wûn úteinlik sels mei 3-2. De doelpuntenmakkers wienen Hendrik de Jong(2x) en Robert Sybesma.

SDS 3 – YVC 3     3-1
Doelpunten fan Pieter Kamstra, Dennis Dijkstra en Christiaan Plantinga. Allegear moaie doelpunten. Minder moai wie it doelpunt fan Jentjse Jorritsma , want dat wie yn eigen doel.

SDS 4 – VVI 3    4-2
Glunderende gesichten yn de tredde helte. Eindelik wer ris balje en ek noch winne. Johan Delfsma skoarde 3 kear en Gerlof Jan Hofstra 1 kear.

SDS 5 – Scharnegoutum 4     4-2
It troch blessures teistere SDS 5 wûn fan Scharnegoutum neidat it 4-0 foar stie mar hiel djip gean moast om de gasten net lân side komme te litten. Doelpunten wiene der fan Harm Auke Dijkstra (2) , Sipke Hiemstra (in moaie knal mei links) en Wietze Fopma. 

SDS 6 gie net troch
SDS 6 – SC Berlikum 5 is ferskood nei 27 november.

SDS A1 – SC Franeker A1
Miskien wienen de Frentsjerters wol better en die de 3-0 tuskenstân foar SC Franeker wol hielendal rjocht oaan it spulbyld, mar dochs wie it hoopfol om te sjen dat SDS A1 noch wol efkes weromkaam oan ’t 3-2. Wy seagen yn elts gefal in knappe drûge knal fan Jan-Friso Bruinsma dy ’t foar de 3-1 soarge.

Dronrijp D1 – SDS D1 3 – 3
Vandaag beleefde D1 een wedstrijd waar alle voetbalcliché’s op van toepassing waren. Op het veld waar menig wadloper van zou smullen, was bijna geen combinatiespel mogelijk. Na veel druk van Dronrijp was het toch Piter die na een prachtige counter de 0 – 1 liet aantekenen. Door onzuiver uitverdedigen kwamen de groen-witten op gelijke hoogte. Mattthijs zorgde meteen voor de 1 – 2 met een wederom fraaie counter en super volley. In de achtste minuut van de ‘verlenging’ van het eerste part werd de stand weer gelijk. In de tweede helft sloeg de vlam in de pan. Na een onbestrafte, onbesuisde overtreding, in het strafschopgebied waarbij Matthijs geblesseerd raakte was Dronrijp zo slim (of zeer onsportief, of gewoon**!!&&**) om de bal weliswaar buiten het veld te spelen, maar in de goal, achter Gert-Jan. 3 – 2. Dit tot grote woede van de coach, die vergat om het goede voorbeeld te blijven geven. Doordat de scheids vervolgens moeite had om goed klok te kijken, maakte Yward, nadat SDS alles gegeven had in de 38e minuut van de blessuretijd gelijk!!! Iedereen was alsnog ‘uit de schroeven!!’ Een groot compliment voor Frank, die met een bult als een ei op zijn hoofd toch nog mee wilde doen, Jos, die met een blauwe plek op dezelfde plaats en een tand door de lip eveneens nog een keer de mouwen opstroopte en aan Matthijs, die ondanks diverse charges steeds weer terug in het veld kwam. Een terecht gelijkspel, afgedwongen door passie en vechtlust. Aardigste detail? Een strook kunstgras van één bij twee meter in de doelmond… 
Tjerk

E1 – E3
Op fersyk fan E3 wie dizze oefenwedstriid organisearre. Mei it each op de kampioenswedstriid fan nije wike tsjin sc Joure E-safolle.
It waard in “makkie” foar E1. Fisyk hiene se wat oer, ek al omdat se allegear in jierke âlder binne. It wie wrotten en wramen foar E3 om bij te bliuwen. Kânsen wiene der seker ek foar E3, mar fierder as ien doelpunt kamen se net. Einstân wie 10-1.