Weppers moandei 15-11

Weppers snein 14-11
14 november 2010
Weppers tiisdei 16-11
15 november 2010

SDS-kleanlijn
De earste SDS klean, polo’s, trainingspakken, sweaters,etc  binne útlefere fan MUTA oan SDS.
It 1ste rint yn SDS polo’s. mei mooglik beskikber steld troch Jimbar en Schildersbedrijf Brouwer.
Fanôf no kin der wer besteld wurde foar de nije sending oant 1-1-2011.
De rêgsek is der noch net, komt s.g.m.
Op foarie is der:
Tassen, moai Sinterklaze kado!! (33,-)
Trainingsshirt maat M L XL (21,50)
Workshort maat M L XL (18,50)
te freegje by Douwe D.
Kledingkommisje
Tineke, Enne en Douwe D

Dy Wietse
Wietse Fopma kaam sneon trije kear op in wedstriid formulier foar. Mei SDS B1 wûn hij mei 9-1, mei SDS 5 wûn hij mei 4-2 en mei SDS A 1 ferlear bij mei 3-2.  En hij skoarde bij SDS 5.

De striid
SDS 5 – Scharnegoutum binne altiten wedstriden dy’t der om geane. Dat kaam troch Jacob Plantinga. Hij wol net ferlieze fan ús âld doarpsgenoaten. Tsjintwurdich sit Jacob yn de lapekoer en is it mear de striid fan Harm Auke tsjin Jappie. Skoansoan tsjin skoanheit. Harm Auke wûn en hij skoarde ek noch twa kear.

De striid (2)
Harm-Auke wie sneon fansels hielendal út de skroefen nei syn 2 goals tsjin skoanheit Jappie. Hy naam it der dan nei it fuotbaljen ek efkes goed fan. Earst nei de fuotbalkantine en dêrnei noch efkes by Titus sjoen. By Titus gie hy nêst syn skuon rinnen en klom yn de dûnspeal. Dit hie better net kinnen, want hy soademitere derút. It wie foar  Vera juster in hiele striid om Harm-Auke fan bêd te krijen en wer yn de skroefen. Dit kamen wy juster tsjin op Hampie syn Hyves: 
Lest fan de nekke, bin ut de peal sodemietere bij Titus! @ op de bank
gisteren, 14:00

SDS 2
De goals van sds zijn gemaakt door Hendrik 2x en Robert De veerkracht van deze ploeg  was goed, terugkomen van een 2- 0 achterstand en dan toch de drie punten meenemen uit emmeloord. 
Hulde voor deze ploeg. 
Johan

Foarkundiging
Woansdei 1 desimber is de ledengearkomst. Letter dizze wike de agenda. Hâld der al fêst rekken mei yn de agenda.

It kin Elger…….
Op de tillevysje is der in programma fan Bridget Maasland wat hjit: “Hoe vind ik een vent?” Sels hawwe wy der noch nea nei sjoen, mar no krigen wy de tip dat der in SDS’er yn te sjen wie. Elger Turksma ride op de sneldyk en seach in krease jongfaam. Hy draaide syn rútsje iepen en moat tocht hawwe: “it kin Elger”(sjoch
hjir by aflevering 4 nei 3.04).

Harsens derby (332)
Ien fan de wepmasters skeat sneon by SDS 3 in grutte kâns keihurd op de peal. Heechstwierskynlik hie hy it hier foar de eagen. De kâns wie dochs noch iets makliker te missen as dizze: