Weppers snein 13-3

Utslaggen 12-3
10 maart 2011
Oan de wylgen
14 maart 2011

Kleanfûns
Op de Algemine Ledengearkomst fan woansdei is besletten datde broekjes yn it kleanfûns komme.

Ambu
Tidens de wedstriid fan SDS B1 – YVC B1 kaam Christiaan Zijlstra tige ûngelokkich yn oanmerking mei de peal. It like min en der waard freesd foar iets “stikkens”
De ambu kaam lâns mar dy oanwêzichheid die al fertuten. Christiaan koe noch genôch bewegingen dwaan en it ritsje nei it sikenhûs wie net nedich.

Twa doelpunten

Tjeerd Dijkstra (SDS 5) skoorde juster twa kear. Dat wie op himsels al opmerklik want as lêste man is hij net faak foaryn te finen. It earste doelpunt wie in “skot” fan grutte ôfstân en de doelman fan Oudehaske grypte wol op in hiel bijsûndere wize nei de bal, en wurke de bal yn it doel. Oan de kant waard it wurd omkocht al brûkt en efkes gie it gerucht dat de doelman bij Hak wurket. Neier ûndersyk sil dien wurde.
It twadde doelpunt wie op eigen krêft. In frije traap fan grutte ôfstân.

Reservechill?
As je út de A-junioaren komme en dan by de senioaren lyk by SDS 1 komme is dat fansels hielendal fet strak super cool. As je dêrnei faaks op de reservebank sitte dan is dat wat minder chill. Dan binne je sis mar reservechill………..

Lepelaars
Op wei nei de fiere útwedstryd fan SDS 2 tsjin SC Veenwouden 2 koe de dei foar Anne en Robert al net mear stikken. Dizze fûgelleafhawwers seagen by Winsum 2 lepelaars yn it lân toffeljen.

Nee, se leinen net lepel(aar)-lepel(aar) en sy stienen ek echt net lepel-aars……….

Harsens derby(423)
Dizze skieds hat yn it ferline seker mimespiler west: