Evenementen in december 2022

Weppers snein 13-3
12 maart 2011
Weppers moandei 14-3
14 maart 2011

Minsken dy ’t de SDS-side folgje sille fêst ek wolris op de eigen webside sjen fan dy wepmaster mei dat koarte hier. Op datfynik skriuwt hy oer lisfytsen, musyk, polityk, fuotbal en allerhande oare saken. De wepmaster sûnder burd fûn dat dit stik fan sa ’n 2 wiken werom ek op de SDS-side heard:

Oan de wylgen

Oan de wylgen hingje skynt in útdrukking te wêzen dy’t út de bibel komt. Myn bibelkennis is net sa grut dat ik sa wit wêr’t it stiet mar fia google kom ik der efter dat it de psalmen binne. It betsjut sa iets as earne ôfskie fan nimme.
In toskedokter dy’t ophâldt hinget syn boar yn de wylgen, de brêgewipper syn klompe, de dûmny syn toga, de timmerman syn hammer en de fuotballer syn skuon.
Wij hawwe yn de tún in wylgebeam stean. In hiele âlde. Goed 30 jier lyn troch ús plante. Hij eaget net goed mear. Hij hat hjir en dêr wat krupsjes, wat útfal. Ik slút net út dat hij sa misfoarme is fanwege ûndeskundich bijseagjen fan mij. Mar alle kearen begjint hij gewoan wer nei in snoei (lês knoei) partij fan mij. Hij sil gjin grutte hichte mear helle, it groeien giet net ek net mear sa hurd, mar hij docht noch wol mei bij ús yn de tún.




Yn dy beam haw ik juster myn fuotbaltas hongen. It is oer, it is dien, it is foarbij. Dy wylgebeam dy brûk ik om myn stopje oan te jaan. Net dat it foar immen oars wichtich is. Oan it begjin fan dit seizoen al twifel om troch te gean. Ik bin der no út. Holpen troch in blessure.
De tas haw ik der yn hongen, de skuon noch net. Want dy haw ik nedich om de jeugd noch te trainen. De tas haw ik net mear nedich. Ik haw op dizze dei yn febrewaris de boel ôfsluten. In knibbel dy’t al sûnt DWP 4 – SDS 5 yn novimber net mear lekker giet, hat it beslút ynlieden. Ik haw gjin striid mear om it wer op te pakken. Ek al is de blessure oer. Ik haw gjin sin mear om sneons rekken te hâlden mei it fuotbaljen en te konstatearjen dat it wer ôflast is omdat fjilden net bespile wurde kinne/meie of omdat de tsjinstanner te min spilers hat. Boppedat is it trainen al lang net mear wat it west: hast altyd in wiete boel wêr’t in bal net normaal rôlje wol en ik net normaal drave kin.
Myn tas yn de wylgen. Hoewol dy amper in pear jier tsjinne hat, is it in fodde wurden mei allegear skuorren.



Nee dan myn twa pear sokken. Dy kinne dus likernôch 35 jier lang mei. De kleur is der wat ôf mar der sit gjin gat yn. Dat wie wol in goeie kwaliteit.
Dy sokken wiene oars wol in stikel yn é foet fan sommige bestjoersleden. Dy argewaasje binne se no kwyt.
(http://datfynik.blogspot.com/)