Weppers snein 13-2

Weppers freed 11-2
11 februari 2011
Weppers moandei 14-2
13 februari 2011

Traine SDS 2
De a- selektie traint maandag niet in sneek ivm oefenwedstrijd op dinsdag tegen sneek witzwart.

De volgende a –selektiespelers trainen morgen mee met het tweede.

Jort strikwerda
Andries brinksma
Henk postma
Arjen los
Elger turksma
Skelte anema

Trainingstijd 20.00
Aanwezig 19.45

johan

SDS 1 wint
SDS 1 hat juster mei 6-2 wûn fan Oostergo. Foar de taskôgers dy’t it waar trosearden wie dit in moai potsje. Alteast wannear je út de greidhoeke komme. Foar de fans fan Oostergo wie it in minne dei. De mannen fan Oostergo joegen aardich romte wei en sa koe mei namme  Arjan Posthumus op rjochts lekker opkomme. Broer Jelmer wie sa skerp as in mes en skoarde foar de tee 3 kear.
Feite de Haan sil iets minder leuk werom tinke oan dy earste helte. Hij miste in strafskop. Oostergo makke ek in doelpunt.
Nei de tee wie Jelmer der net mear bij en dat die Jacob van Wieren besluten om ek 3 kear te skoaren. Ek Oostergo skoarde noch in kear en sa stie der nei 90 minuten 6-2 op it boerd.

Pupillen fan de wike

Jaap Toering mei Joshus Walta


Jelmer Posthumus mei Johannes Sijbesma

SDS 2 wint ek
SDS 2 oefene tsjin Bolswardia 2. It waard in 7-1 oerwinning. Wij witte dat  Dirk Yde 4 kear skoarde en dat hij trije helpballen joech, wêrûnder twa oan Andries Brinksma, mar wa skoarde dy iene ek alwer?

Lyts ferslach SDS 2 – Bolswardia  

De omstandichheden yn Boalsert wiene te fergelykjen mei hoe it waar boppe yn Ruslan faaks binne. Kald, kil en in straffe wyn binne net ideaal om yn te baljen. It is wol sa dat op in wyt kunstgersfjild de bal wol hearlik rolje wol.  

SDS wie de hiele wedstriid better. Al sieten der wolris wat unrestiche momenten yn. Foaral de backs fan Bolswardia mochten wol oan de bal komme. Hjoed wer in soat Van de Gijpjes sjoen. De twadde helte is Bolswardia eins net mear op de helte fan SDS west, al skoorden se wol ut in lokkiche situaasje foar de goal. De reden dat die goal foel wie te tankjen oan Durk Yde Sjaarda. Fierwei de beste man op it fjild mei 4 goals en 3 assisten. At je foaryn san fuotballer hewwe dan kinne je efter ien wolris 1 gean litte. Alles lyke wol te slachjen by Durk Yde. Fest oan de bal, goed positiespul en restich foar de goal. SDS 2 hie in makkelike moarn yn minne omstandichheden. Op nei in goeie twadde seizoenshelte. De einstand wie 7 – 1.  

Der wiene net in protte supporters fan SDS. Mar ek de spilers fan SDS 3 wiene der net. Die moatte oer 2 wiken yn de kompetysje tsjin dit team at ik it goed hew. Ik soe sizze lit harren backs mar frij en rap druk op it middenfjild sette. Dan het SDS 3 wol in kanske.  

Foar de klomjende supporters fan SDS 3 oer 2 wiken kin ik sizze dat de sop der hearlik is.
Bram

SDS Da 1
De froulju fan SDS Da1 makken sneon tsjin Franeker Da 1 twa doelpunten. De froulju út Frjentsjer skoarden 1 kear dus winst foar SDS.

Johan Faber tekent by
Wy hawwe trochkrigen dat Johan Faber bytekene hat as trainer fan SDS 2. Hy sil dus yn it seizoen 2011-2012 ek trainer fan SDS 2 wêze.

Strafskoppen
Strafskoppen bliuwe in probleem foar SDS 1. Trije kear waard der al mist dit jier. Harm, Jelmer en Feite. Wij tinke dat Harm no wer oan bar is. Syn misser is al wer in healjier lyn en hij wol him graach revanseare en hie net tocht dat hij sa gau wer in kâns skrije soe.

Sealfuotbal
Kommende sneon 19 febrewaris is der jûns sealfuotbaljen foar alle SDS-senioren en A-junioren. Jim kinne jim hjir opjaan.

Harsens derby(400)
Ferline wike hawwe wy de goal fan Türk fan Cambuur tsjin Sparta mist. De keeper ek………….