Weppers snein 11-7

Wk tuskenstân nei 63 wedstriden
10 juli 2010
WK pot proai foar Hessel
12 juli 2010

Oranje sjen
11 juli 2010 moat in hystoarykse dei wurde. Krekt as bij de dea fan Kennedy en bij it ferlies yn 74 witte je 30 of 40 jier letter noch wêr’t je wiene. Bij de dea fan Kennedy hiene je gjin kar en bij de finale yn 74 wie der ek net folle te kiezen. No yn 2010 wol. Je kinne kieze út grutte skermen:
yn ús eigen kantine op de Skoalleseize yn Easterein, 
nei sportkafe Jimbar yn Wommels en it Dielshûs yn Wommels dat foar dizze gelegenheid ek in grut skerm stean hat.
Je kinne ek gewoan thús bliuwe lykas Rene van der Gijp. Dy sjocht alle wedstriden allinne. Fandêr syn skerpe analyses.

It liet fan Youp en Guus
Majesteit, majesteit, sa begjint it liet fan Guus en Youp. Foar wa’t it mist hat, hjir noch
in kear om al fêst yn de stimming te kommen.

De einútslach fan de WK leaugue
Wij tinke dat wij sneintejûn net mear bij machte binne de einstân te melden. Of wij binne op ien ein fan de wille of wij binne stikken fan fertriet. Beide kearen is it net ferantwurde om de útslach der op te setten. Yn de rin fan moandei heare jim mear fan ús. 

Prizen SDS WK-League
It prizenjild fan de SDS WK-League sil sa ferdield wurde:
1e €100
2e €75
3e €50
4e €25
5e €10
De lêste krijt fansels in poedelpriis.

Kamping yn Sweden?

It is al wer trije jier lyn dat Rudy Hobbenschot mei syn gesin nei Sweden ferhúze. Se hawwe drok oan it wurk west. Want de kamping is klear. Dus wa’t nei midden Sweden wol, hjir is in
kampingtip.

Oktopus
Wy hienen efkes neat mear mei oktopussen en sy koenen om ús wol op de barbekjoe. Dochs is
dizze net sa gek.
Opgehangen Octopus
De Dútse oktopus………

Harsens derby (248)
In wedstryd om it 3e en 4e plak is meastentiids net om oan te sjen. Wy hawwe der dan ek neat mei. Yn 1998 spile Nederlân om it 3e en 4e plak tsjin Kroatië. Allinnich Boudewijn Zenden die syn best foar Nederlân. It hichtepunt fan de wedstryd wie syn manier fan juichen nei syn goal. Dat seit genôch.