Weppers snein 11-6

Weppers freed 10-6
9 juni 2011
Weppers tiisdei 14-6
14 juni 2011

Rein
Rein op sneon fersteurt in hiele protte. En dan ek noch ûnwaar bij it fuotbaljen yn Dronryp nei al wer in stevige bui. Dat dit gefolgen hie foar de resultaten fan SDS kinne wij dan ek net útslute.

SDS net yn goeie dwaan
It optreden fan SDS op it midsimmertoernooi kin omskreaun wurde as teloarstellend. Ferlies tsjin Wikels Hallum, Nok (?)  en Easterlittens en in lykspul tsjin Blauw Wit. En dat gelikense spul kin as posityf besjoen wurde. De mannen stiene 5 minuten foar tiid mei 3-1 efter, mar dizze ploech mei alle allinne mar karakterjonges focht sich werom nei in 3-3.

Skouts
Twa skouts fan Nijlân hiene justermiddei yn Dronryp bysûndere belangstelling foar it optreden fan SDS. Je hoechden hast net te freegjen foar wa’t se dêr wiene want se seagen allinne mar nei de doelman. Wij hawwe it dochs mar efkes neifrege: “foar Harm Jan Kamstra binne wij hjir.”  Dizze Nijlanners wiene sa iepen as wat en sij koene melden dat in ruil mei doelman Peter van Dalfsen in tige besprekbere opsje wie…… En noch ien spiler fan Nijlân derbij fansels. Op ús fraach at van Dalfsen ek 80 wedstriden yn it jier ballen keare wol moasten se it antwurd skuldich bliuwe. Wij binne benijd. Woansdei slút de transferperioade.

Eks-skiedsrjochter
Djurre Zijlstra fan Mantgum hat in oantal jierren lyn faak yn Easterein fluite en bij oefenpotsjes fan SDS waard hij ek faak frege. Djurre hat ferline jier de fluit yn de wylgen hongen en hat der in flagge úthelle. En syn karriere as assistent skiedsrjochter giet goed, want takem jier sil hij freedtejûns yn aksje moatte:  yn de Jupiler League.

27 july
It duorret noch efkes mar wij nimme wol oan dat jim allegear de datum fan 27 july yn
jim agenda oanstreept hawwe.

Triatlon
No’t it fuotbal efkes dien is, is der tiid foar oare sporten. Der wurdt omraak keatst en in inkele weaget him oan de triatlon. 25 juny yn Stiens sjogge wij in SDS-er
op de list stean.

Op de autoped
Hjoed binne de autopedders ûnderweis lâns in stik as 11 stêden. Gearard Posthumus is ien fan de dielnimmers.

Fan herte lokwinske!
Jaap Toering is hjoed jierdei! Hy wurdt in kwartsje. Ek Hendrik de Jong is hjoed jierdei. Hy is 29 jier wurden. Fan herte lokwinske!
 
Dizze mannen binne beide hjoed jierdei!

Harsens derby (491)
Dy penalty fan jajuster wie alderaardichst, mar dizze is noch folle moaier.