Weppers freed 10-6

Weppers woansdei 8-6
8 juni 2011
Weppers snein 11-6
11 juni 2011

Midsimmercup
Moarn sille in stik of wat SDS’ers meidwaan foar SDS oan de Midsimmercup. Dit binne Harm-Jan Kamstra, Feite de Haan, Tsjipke Okkema, Harm Stremler, Anne Stenekes, Jacob von Wieren en Willem Wijnia. It programma foar SDS sjocht der sa út:
11.15 SDS – Wyckels/Hallum
12.15 Leek-Rodenburg – SDS
13.30 Easterlittens – SDS
15.30 SDS – NOK
(sjoch
hjir foar it hiele wedstrydskema).


Wa wol nei Pinkpop?
Sjoerd van Beem sil nei Pinkpop en no blykt dat Marije de Vries noch kaarten oer hat:
Ik ha 2 wykein kaartjes foar Pinkpop yn de ferkeap. Ik wol dr graag 250 euro foar hewe. Wegens familie omstandigheden gean ik net mear.
Se kinne my maile of belje 0622379242.
Dankjewol!
groetjes Marije


Materialen inleveren
Willen de leiders en trainers die nog in het bezit zijn van SDS – materialen zoals coachjassen, sleutels, shirts, ballen, waterzak, biddons etc. deze inleveren of contact opnemen vóór 18 juni a.s.  bij/met Klaas de Haan, A. Joustrastrjitte 11, 8734 GJ Easterein, telefoon 0515-332182, e-mail:
klaasenakke@ziggo.nl.
Willem Twijnstra, coördinator materiaalbeheer v.v. SDS.

Hangslot
Al geruime tijd is het hangslot van ballenkast, nummer 2, verdwenen. De kast bevat de materialen van het 1ste en het 2e elftal. Willen de leiders en trainers van deze elftallen nagaan waar dit slot gebleven is en contact opnemen met Klaas de Haan, A. Joustrastrjitte 11, 8734 GJ Easterein, telefoon 0515-332182, e-mail: klaasenakke@ziggo.nl.
Willem Twijnstra, coördinator materiaalbeheer v.v. SDS.

Gevonden voorwerpen
Het afgelopen seizoen zijn er weer veel kledingstukken en voetbalschoenen gevonden in de kleedboxen. Wij kunnen deze zaken niet bewaren tot het volgende seizoen en hebben besloten om deze na 1 juli a.s.  in te leveren bij een kledingverzameldepot van het Leger des Heils of Dorcas. Mocht iemand nog iets missen dan kan tot bovengenoemde datum contact opgenomen worden met Klaas de Haan, A. Joustrastrjitte 11, 8734 GJ Easterein, telefoon 0515-332182, e-mail: klaasenakke@ziggo.nl.
Willem Twijnstra, coördinator materiaalbeheer v.v. SDS.

Nije Treffer
De nije Treffer is klear en leit by drukker Van der Eems. Wy hoopje dat hy yn de rin fan nije wike klear is en rûnbrocht wurdt.

Wat is it no?

It stiet der echt: Postumus. Bij Arjan op de rêch. En wij altyd mar skriuwe fan Posthumus. Of is der in ôfsplitsing yn de famylje kommen? Mei de h en sûnder de h. Wij moatte heit Appie mar ris freegje.

Ferskillen

Sykje de 40 (kilo……) ferskil(len)…………

Wommelser Kampioenskip 9 juni 2011

De earste tongersdei edysje fan it WK soarget altyd foar in protte sensaasje. Histoarysk sjoend is dizze edysje ek faaks ien fan de meast drok besochte WK’s. Nei de statistiken fuort lein te hawwen rin ik wat mei senuweftich gefoel nei it fjild;” soe de sensaasje dit jier ek wer barre?” Yn de fierte sjoch ik Jelmer mei krat bier fytsen, 8 man mei in sigaret stean en rest is aktyf besich. Der binne 5 ballen op it fjild en de baltsjes gean moai rûn. Dom dat ik er eins ea oer ynsitten haf.. Wat foel der dizze edysje fan it WK op?

–          The Black Pearl sjit bal rjochting loftballon

–          Willem W. tocht dat it jeu de boules wie en kriig him tichter bij de loft ballon

–          Eastereiner Jacob Klaas faker op WK as Wommelser Jacob Klaas

–          Erik kin carriere net combineren mei it WK. Hij sil syn baan opsizze.

–          Gearard P. : Alle froulje wurde lelijk

–          Arjan Post(h)umus

–          Eeltje Sikke hie in prachtige oanname..mar dat is in “oanname”

–          Henk op heale kreft fan syn heale kreft

–          Elger G.: la gente esta muy loca

–          Tjipke O.: Jout WK winst oan Jelmer foar syn jierdei

–          Jelmer P.: Ûntfangt winst WK foar syn jierdei

–          Rudy fan Persie hat noch altyd syn gouden bûtenkantsje

–          Bram v B. beswykte, nei in suvere eigen goal, ûnder de(wol bekende) WK druk

–          Sytze H. yn de war mei de wintertiid

–          Johan P. hie in oranje shirt oan

–          Entree Ate F. De B. makke gjin yndruk

–          Bote S. hat mear ballen mei de hân rekke dan mei de foet.

–          Hendrik E. jout ferchroomde passes.

Team Donker

Willem W., Arjen P., Ate F. De B., Gearard P., Rudy D.,The Black Pearl, Bote S., Bram v B.

Team Empatec

Hendrik E., Johan P., Henk P., Tsjipke O., Eeltsje Sikke, Elger G., Jelmer P., Sytze H.

Team Donker begon slap oan de wedstriid mar makke compleet tsjin de ferhâlding yn de 1-0. Nei dat team Empatec wekker wie makke waar der stroait mei cross passes, de iene noch moaier as de oare. Team Empatec pakte in stevige foarsprong en wûn uteins de wedstriid mei 7-4. De winnende goal wie as fan âlds wer in kompleet oare wedstriid. Kânsen hinne en wer en de spanningen gierden bij de supporters troch ierderen.  Nei wederom in lange bal fan team Empetac foel dizze goed. It wie nei in koarte combinaasje ûteins Tsjipke O. die scoarde. “As in mes troch de bûter” en “Penetraasje fuotbal” soene net mistean bij de winnende oanfal. Folgende wike mandei is der gjin WK yn ferbân mei Pinkster. De tongersdei derop is der it tradisjonele feest WK, dit yn ferbân mei de doarpsfeesten.  Details rûn de catering komme noch op de side!

Nimmens it Wk Bestjoer,

Alg.Stat.Dir.Mr.Bac.Ing.MBA.Drs H.K. Engbrenghof

Op slot
Dit wykein moatte de doaren en fytsen mar wer op slot…………(klik
hjir).

VI-kwis
Hjir in alderaardichste kwis foar kommend wykein (klik hjir).

Harsens derby (490)
Sa! Hy mist! De fleskes kin doppe wurde! Of dochs net?????
(sjoch
hjir)

Sa ’t it no stiet moat de wedstryd sels oerspile wurde (sjoch hjir).