Weppers snein 11-10

Ut- en ferslaggen 10-10
9 oktober 2015
Betink in leuk ûnderskrift!
12 oktober 2015

Pupillen

De pupillen fan de wike Tom Wander en Berend Santema mei de útblinkende doelman Jaap

Fier oan kop
De froulju fan SDS vr.1 geane fier oan kop yn de kompetysje. Sy hawwe 15 punten út 5 wedstriden, mei mar leafst 28 doelpunten foar. Juster waard wûn mei 3-1 út by sc Franeker. Esther van der Eems út de MC1 makke har debút yn Vr.1 en makke ek noch lyk in goal. Nei de wedstryd gie sy op de skouders.


Foto’s Henk Bootsma
Henk Bootsma hat juster wer hiel wat foto’s sketten op de Skoalleseize. De earste foto’s fan SDS 1 – WPB 1 kinne jim hjir fine. Moarn komme de foto’s fan SDS D1.

Siet hy no of siet hy net?
Foto Henk Bootsma


Tige by tige!
Der wienen juster in soad SDS’ers dy ’t de fuotbalwedstryd Kazachstan – Nederlân noch efkes sjoen hawwe yn de kantine. Mei tank oan de barfrijwilligers Wilma, Karin, Boudewijn en Marlous!
Tige by tige!

Juster heard
“Der is neat oan de hân by sc Heerenveen. It is ien grutte “Happy Family”…………………”


Harsens derby (1606)
As je it sa wolle dan slagget it net: