Ut- en ferslaggen 10-10

SDS League: Gert-Jan pakt wykpriis!
9 oktober 2015
Weppers snein 11-10
11 oktober 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!

08:30 SDS E1 Oeverzwaluwen E2
08:30 SDS E4 SWZ Boso Sneek E8
08:45 SDS D2 IJVC/Blauwhuis D1 0-11
09:30 SDS MD1 Mulier MD1 4-3
09:30 SDS F3 QVC F2G 10-1
10:10 SDS B2 IJVC/Blauwhuis B2 g.n.t.
10:50 SDS D1 SC Bolsward D2 3-5
12:00 SDS A1 Franeker SC A1 0-0
12:10 SDS C3 Zeerobben C4 5-4
13:30 SDS C1 Leovardia C2 2-2
14:30 SDS 1 Waterpoort Boys 1 1-1
08:45 LSC 1890 MC1 SDS MC1 4-0
09:15 Makkum E2 SDS E2 3-2
09:55 Makkum F1 SDS F1 1-2
10:10 CVVO E4 SDS E3 1-3
10:15 Bakhuizen F1 SDS F2 0-9
11:30 Lions’66 2 SDS 2 2-2
12:15 SC Bolsward B2d SDS B1d
12:15 Franeker SC VR2 SDS VR1 1-3
12:20 Leeuw. Zwaluwen 9 SDS 4 g.n.t
13:35 SC Bolsward VR2 SDS VR2 g.n.t.
13:45 Terschelling C2G SDS C2
14:30 IJVC 2 SDS 3 2-1

SDS 1 – WPB 1
Der binne skeidsrjochters dy kieze der foar om gelyk strak te fluitsjen. Alles wat mar op in oertreding liket wurdt ôffluite en at hij dat konsekwint de hiele wedstriid docht dan sjogge wij as taskôgers meast nei in minder boeiende wedstriid omdat it spul te faak dea leit en de gong der út is.
De skiedsrjochter fan hjoed keas der foar om net te gau te fluitsjen. Dêrtroch siet er aardich gong yn en wie it in boeiend skouspul.
It probleem is lykwols dat  it belang fan dizze wedstriid “grut” wie. Puntsjes sprokkelje mei likense spullen sjit net op, dus moat der wûn wurde. De mannen yn it fjild wurde wat langer de wedstriid duorret wat wurger, de tekkels komme wat letter, oertredingen binne noch wat hurder en dan komt er in momint dat de skiedsjochter net mear foar it “trochgean” kieze kin.
En dan ynienen is mear fluitsje  lestich, der ûntstiet yniens werstân yn it fjild. Miskien dat de skiedsrjochter dat just wol foarkomme woe troch minder te fluitsjen, want fan ferbale wjerstân moast hij net folle ha.
“Giel” wie dan syn antwurd. Sa foelen der aardich wat kaarten en de measten foar protesteare nei in oertreding dy’t de man yn de earste helte net as in oertreding seach.
Oan it lûd fan de WPB taskôgers te hearen foelen de beslissingen it meast yn it neidiel  fan blau-giel. 
Nei ôfrin ûntefreden gesichten bij WPB en reedlik tefreden gesichten bij SDS. Net dêrom mar om it feit dat de wedstriid yn de lêste 5 minuten in kear net ferlern gie.
Yn dizze boeiende pot die SDS goed mei mar krigen se net folle kânsen. In terjochte strafskop (hands) levere it ienige doelpunt op. Dat wie de lykmakker want WPB hie dêrfoar al in 0-1 foarsprong nommen.
At SDS neiprate wol mei de skieds dan sille se it ha moatte oer  it gemis fan de doellinetechnology. Want in ynset fan Feiko Broersma  of miskien noch wol in oaren wie tenminste 20 sentimeter oer de line (sjoen mei eigen eagen).
Yn de twadde helte wie WPB it meast driigjend en mocht SDS bliid wêze mei harren doelman Jaap Toering. Ik kin mij sa trije geweldige reddingen herinnerje.
SDS wie der ien kear ticht bij. In prachtige frije traap fan Grietzen Boersma ketste fan de latte werom.
Ien fan de ynfallers bij WPB skoarde twa kear giel en makke net folle minuten.
It waard dus nei in 90 minuten-gefjocht 1-1 en ik ha mij wol fermakke.
Aant

Lions ’66 2 – SDS 2
Soms heb je van die gelijke spelen die voelen als winst, soms voelen ze als verlies. De wedstrijd van vanmiddag van SDS2 tegen Lions 2 had iets van beide. Een wedstrijd met duidelijk “2 gezichten”.
De eerste helft was het aanzien nauwelijks waard, foute passes, geen controle , en zo nu en dan leek het of er geen inzet was. Lions kwam dan ook zeer terecht op een 1-0 voorsprong al was dat niet omdat ze zo fantastisch speelde.
In de rust een kleine wijziging, hopende op iets meer aanspeelmogelijkheid voorin, waardoor er iets beter aangesloten kon worden. Dat resulteerde in de 5e min tot de 1-1, Feite gaat mee naar voren, bereikt Willem en die rond koeltjes af. Daarna hebben we de wedstrijd redelijk onder controle, maar door een persoonlijke fout achterin komen we toch op 2-1 achter in de 20e minuut.  Daarna weer een beetje de grip kwijt, en Marten houdt ons met 2 fabelachtige reddingen in de wedstrijd.
In de 32e min een vrije trap van Feite, slim en “kort” genomen op Willem, die geeft “m rustig terug aan Feite en die scoort beheerst de verdiende 2-2.
Daarna hadden we de wedstrijd moeten beslissen, helemaal toen Lions door een blessure de laatste 7 min met 10 man verder moest, maar dat slaagde niet.
Hadden we deze wedstrijd verloren, hadden we de scheidsrechter de schuld kunnen geven, nu kunnen we alleen ons zelf de schuld geven van 2 verloren punten. Of is het nou een gewonnen punt….
Volgende week thuis tegen AVC, 14.30, kunnen we de mooie reeks van 4 x niet verloren voortzetten.
Boudewijn

YVC 2 – SDS 3    2-1
Troch Harm Auke Dijkstra wie SDS 3 op 0-1 kaam. Oan 10 minuten foar tiid like it in oerwinning wurde te kinne. Net dus. De lêste 10 minuten skoarden de kypmantsjes twa kear.

SDS A1 – sc Franeker A1
Na de offday van afgelopen zaterdag, 6-2 verlies tegen GAVC was vandaag de wedstrijd tegen koploper Franeker. Slechts 3 doelpunten hebben ze tegen en 16 voor. In dreach ploechje dus.
De warming up was goed, bij het afronden vloog de ene na de andere bal er in dus dat voorspelde veel goed. Tegenover de afwezigheid van Martijn, Almar, Inne, jorritH en V stond de terugkeer van Yward en Wiebe.
Vanaf het begin was het SDS die het spel bepaalde. Flitsende aanvallen volgden elkaar op. Trots hoe deze ploeg kan voetballen.  Uit een van de eerste aanvallen schoot de prima spelende Yward de bal vol op de vuisten van de keeper. Even later kopt Gerwyn de bal net over en 5 minuten voor rust kreeg dezelfde Gerwyn de grootste kans maar hij schoot net te zacht in waardoor de bal van de lijn werd gehaald. 0-0 met rust, tevreden over het spel maar niet over de stand.
De tweede helft was minder. Franeker haalde het tempo uit de wedstrijd, vele blessures en oponthoudingen zorgden daarvoor. SDS kon het ritme van de wedstrijd niet meer bepalen en voor de neutrale toeschouwer was de tweede helft niet aantrekkelijk. Maar zeker nog spannend.  De enige kans die we creëerden was voor Frank maar die kreeg net te weinig ruimte om uit te halen van dichtbij. De laatste 10 minuten waren voor Franeker, waarbij mn de de vrije trappen gevaarlijk waren. Gert Jan redde echter prima en de achterhoede bestaande uit Wiebe, Wiebe, Gerwyn en Pieter hield prima stand.
Vandaag weer een goed SDS gezien, waarbij we zeker niet onder deden  voor de koploper. 
Nog een dank je wel voor Hans Bootsma en Wesley de Windt en voor de prima leidende scheidsrechter Albada.

Remco

SDS C1 – Leovardia C2    2 – 2
It wie best wol efkes skrikken tongersdei op de training. Oan ‘e ein fan in skerpe en goeie training klapten Stan en DJ mei de koppen tsjin elkoar. Stan kaam der goed foar wei, mar DJ wurde der mei in grutte bult boppe it each net kreaser op. De juns net lekker, in doaske asperines ite, de freeds wat bekomme en dan sneons wer fuotbalje fansels. En hoe !!!! DJ spyle in dyk fan in westryd, lykas de oare 14 jongens van C1.

Leovardia wie oan ’t sneon de koprinner yn us klasse mei Makkum en Easterlittens. De Ljouwerters hiene alles wun en noch gjin inkele tsjin goal krigen. Mei in soad publyk oan ‘e kant wurden der in pear moaie oanfallen opsetten, mar de skerpte foar de goal wie der noch krekt net. Leovardia hie ek in goeie ploeg, mar Mark hie de kop der goed by en koe syn goal skjin halde. Mar 10 minuten foar rest koe Mark net foarkomme dat it dochs 0 – 1 wurde. Neat oan de han soene je sizze. Lekker fuotbalje want it gie best wol goed. Mar at dan in pear minuten letter wat “knullig” ek noch de     0 – 2 falt, dan wurd it wol dreech fansels.

Mar SDS bleaa goed fuotbaljen en nei in prachtige oanfal en foarbereidend wurk fan Steven, makket Sjoerd krekt foar rest de fertsjinne oanslutingstreffer. De twadde helte in noch better SDS. Oanfjurre troch it publyk sette SDS de gasten ut Ljouwert hieltiid mear under druk. Sa as wol faker mei die “stedsjes” beginne se dan op alles te seuren en mear en mear oertredings te meitsjen. Foar us wie it dus saak om hjir net yn mei te gean. We fielden dat der mear mogelijk wie en it wachtsjen wie op de lykmakker.
Dizze lykmakker kaam en wurde makke troch DJ. Hy wie net moai, mar telde wol en de bliidskip wie der net minder om. En dan, mei noch 10 minuten te spyljen, hiene we it einliks ofmeitsje moaten. Leovardia kaam der net mear ut en we giene fol foar de winst. We misten wat gelok, want in prachtige kopbal fan Hendrik spatte op de latte utien. D
e allerleste kans wie sawier noch foar Leovardia, mar ek hjir bedarre de bal op ‘e latte. Uteindlik eindige de wedstriid dus yn in 2 – 2 lykspul. Sjoen de hiele wedstriid in terjochte utslach, mar miskien hie der ek noch wol wat mear ynsitten. Undanks de spanning wie it juster genietsjen oan ‘e line.
Ynset, spanning, heech tempo en betiiden goed fuotbal, it siet allegeare in dizze wedstriid. Nei 70 minuten wie de piip dan ek wol leech by eltsenien. Foar de jongens fan C1 allegeare in hiele dikke foldoende, want dit wie ien fan de beste wedstriiden fan C1 oan ’t no ta.  Dit jout fertrouwen foar nye wike. We spylje dan yn Seisbierrum tsjin AVC.
Theo.

SDS C3 – Zeerobben C4
De tarieding ferrûn net soepel. De ballen en wettersek leinen yn it ballehok bûten us berik. Net ien op it hiele komplex hie in kaai fan de ballekoaien dus moasten we de ynsjitballen fan it 3e brûke. Om net tefolle wiksels oan de kant te hawwen bliuwt eltse wedstriid ien man thûs, yn underling oerlis wie dit ruile. Fia whattsapp wie der in ôfmelding, letter blyk dit ek per mail trochjûn te wezen. En troch it fersetten fan de wedstriid nei in letter tiidstip koe ien spiler net meidwaan. Dus 15 man op papier betsjutte hjoed mar 12 spilers. De leider siet mei it hannen yn it hier. Krekt foar de wedstriid wie Mark Klijnsma (C1) ynsetber foar ien helte. Tige tank Mark!

De wedstriid wie ien fan útersten. Yn 5 minuten krigen we in goal tsjin. It like der op dat de foarse kearels fan Zeerobben der sa trochrûnnen. Oanfallend koene we der genoch tsjinoerstelle mar ferdedigjend moasten de mouwen opstrûpt wurde. Troch in pear fouten yn de ferdediging fan Zeerobben koene wy gau gelyk meitsje en sels op foarsprong komme. Mar ek de Harnsers fuotbalden goed en scoorden ek maklik. Troch in soad ynset koene de Harnsers keard wurde en troch in goeie oanfal koenen de SDS-ers op foarsprong komme. Omt SDS de wyn yn de rech hie wie it moai west om noch in goal te scoren mar dat slagge net. It bleaun spannend oan it ein ta fan de earste helte.

 

No’t Mark yn de twadde helte net mear meidwaan koe (moast sels fuotbalje) wie der noch mar ien wiksel. Mei Zeerobben foar de wyn ferwachten we in stoarmrin. Ferdidigjend hiene we goeie ôfspraken makke mar nei 10 minuten wie fan de ôfspraken neat mear hingjen bleaun en skoarde Zeerobben 2 kear, dus 3-4. Nei wat omsettingen hiene we it spul te plak en gong de stoarm lizzen. Troch de goeie ynset fan de jongens koene se de gelykmakker meitsje en dernei de winnende treffer. Skeids Vink liedde in goeie wedstriid en fluite úteinlik (gelokkich) ôf. It taheakke briefke kriig ik fan Vink mei de wurden: ‘foar it plakboek en se kinne wol wat piiper yn de kont ha’. Mar der siet krekt genoch piiper yn om de 3-4 efterstan om te bûgen nei in 5-4 winst.

Hulde C3, bêst dient, tank oan de flagger en moandei sil it wol drok weze by de hûsarts om pillen te heljen tsjin in hege bloeddruk.
Jelle Wiersma

 

SDS F3 wint verdiend van QVC F2.
SDS speelde zaterdag onder prachtige omstandigheden hun 2e thuiswedstrijd tegen QVC.
Zonder Sander (blessure), Jarno (weg) en coach Bas maar met coach René en Geert-Jan die inviel en ook nog eens 4x scoorde.
 
Na het eerste fluitsignaal van de scheidsrechter zette SDS gelijk druk op het spel van QVC waarop we in de 2 minuut al 1-0 voor kwamen door Sjoerd
Verder werd de score in de 1e helft verder uitgebouwd naar een ruststand van 5-0.
 
De tweede helft werd er met extra spelers in de voorhoede druk gezet op QVC waarop de score verder werd uitgebouwd naar 9-0 hierna werd er ff verkeerd uitverdedigd 9-1
de 10-1 van Tygo was ook het laatste moment van de wedstrijd!
Kortom 10-1 winst thuis was ook dik verdiend op inzet en ook vooral mooi voetbal!

 
De overwinning werd volop gevierd en het publiek werd bedankt! (zie Foto)
Dennis 

Efkes Balje
Der waard noch lang neiappt oer de wedstryd fan juster. Wiene No de hesjes goed utdield of wie der in sweem fan oanfaljende opzet. It begoen der mei dat in E.B’er him fol bombarje oankundiche hie, mar dochs net op kaam dagen. Dat wie dus in reade kaart en doe moesten wy mei 9 man fierder. It waard een technisk feardich ploegje oranje, tsjin hurde wurkers ut Kazachstan. It is unbegryplik, mar oranje had it tikkie-takkie fuotbal wer yn e fuotten. De Kazachstanen koene oanfolje wat se woene, se krichen dik op de kop. Alle eare gie dochs nei de  sjirtsje utdieler, want it war in prachtiche joun!
Tjerk