Weppers snein 10-4

Útslagen 9-4
7 april 2011
Weppers moandei 11-4
10 april 2011

Primeur
SDS 1 hat sûnt juster in primeur. Noch nea earder stie SDS 1 13e yn de Twadde Klasse…..

Gatske naam ôfskie!
Juster hat Gatske Hiemstra ôfskie nommen efter de bar. Sy waard spesjaal yn it sintsje setten en Hans Kooistra rikke har namens SDS en de Skoalleseize in boskje blommen út:


SDS 1,2,3..
Sietse Kooistra fuotballe sneon sawol by SDS 2 as 3. Dit hat wat oplevere, want Sietse mei tiisdei mei SDS 1 mei.

Leaf?
Johan Delfsma is wyld fan frou en bern, mar it giet ús wat te fier om dan, as sy by heit syn fuotbaljen stean te sjen, in kertier foar tiid in reade kaart te pakken om earder by harren te wêzen……

Pupillen fan ‘e wike

Joris Nijdam mei Ewout de Boer


Nykele Okkema mei dy oare Okkema
(neffens Nykele syn efteromke)


Doelpunten
Foar de topskoorderslist wolle wy graach witte wa ’t der skoord hat by SDS DA1. Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Jimbar
Wy nimme oan dat de Jimbar fannemiddei iepen is om te sjen hoe ’t SC Heerenveen no krekt yn de wedstryd tsjin PSV sjen lit it lek boppe krigen te hawwen. De wedstryd begjint om 16.30.

Harsens derby(443)
Mocht der binnenkoart op penaltys traind wurde dan wolle wy dizze fariant ek wol sjen: