Weppers moandei 11-4

Weppers snein 10-4
10 april 2011
Weppers tiisdei 12-4
12 april 2011

Gjin trainen
Trainen b- selektie gaat niet door dinsdag ivm wedstrijden sds 1 en sds3. 
Johan


In wûnder?
Yn it LC lêze wy hjoed dat SDS in wûnder nedich hat om yn de 2e Klasse te bliuwen(lês
hjir). Wy binne wol benijd as jim dan in antwurd hawwe op de fraach:
Wa/Wat kin it wonder wêze?
Mail it nei
info@vv-sds.nl.

Programma troch de wike
Der is dizze wike hast alle dagen wol wat te belibjen op de Skoalleseize. Tiisdei,woansdei en tongersdei is der in programma.

12-4-2011 18:45 Dronrijp A1 – SDS A1
12-4-2011 18:45 SDS 1 – Heerenveense Boys 1
12-4-2011 18:45 SDS 3 – Heeg 2
13-4-2011 18:45 SDS DA1 – Harlingen DA2
13-4-2011 18:45 SDS DA2 – Mulier DA2
13-4-2011 20:00 HJSC 3 – SDS 5
14-4-2011 19:00 SDS D1 – Dronrijp D1

Utslaggen en standen
Hast alle útslaggen fan sneon jouwe net folle oanlieding om mei mear as gewoane oandacht nei de standen te sjen. Dus foar de leafhawwer it standenoersicht.

Promoasje-degradaasjeregeling 2e Klasse
No ’t SDS 1 13e stiet(en net 14e sa ’t wy juster earst skreaunen) mei noch in pear wedstriden te gean wurdt it tiid om te sjen hoe ’t it mei it promoasje-degradaasjereglement sit yn de 2e-Klasse. En dan foaral dat lêste. Hjir kinne jim it fan alle Klassen besjen, mar koartsein komt it derop del dat de nûmers 11 en 12 neikompetysje fuotbalje moatte en de nûmers 13 en 14 streekrjocht degradearje.

SDS 3 – Heeg 2
Tiisdei om 18.45  moat SDS 3 thús tsjin Heeg 2. Dizze SDS’ers wurde om 18.00 yn de boks ferwachte:
  1. Willem W
  2. Sjoerd v B
  3. Hendrik E
  4. Jentsje J
  5. Pieter K
  6. Christian P
  7. Sjoerd R
  8. Jan St.
  9. Bote S
  10. Gerlof V
  11. Andrew F
  12. Bauke D
  13. Wagenaar
  14. Jort S

Strafskop

De bal leit op de stip, de doelfrou stiet klear en de skeids fluitet…..


…………..en dan nimt Sietske Poelsma de oanrin en sjit de bal hurd yn it doel. Geartsje Klaversma makke de foto’s foar Da 2.

Harsens derby(444)
It is te hoopjen dat Hendrik Engbrenghof tiisdei mei SDS 3 tsjin Heeg 2 de tillefoan thús lit: