Útslagen 9-4

Seleksjes sneon 9-4
7 april 2011
Weppers snein 10-4
10 april 2011

Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700

  útslach
9:00 SDS D1 – Wolvega FC D1  1-3
9:00 SDS E4 – Heerenv. Boys E8M  4-9
9:00 SDS F3 – Joure SC F6  4-5
10:00 SDS F5 – LSC 1890 F7  0-11
10:00 SDS F4 – Read Swart F4  3-4
10:30 SDS D2 – GAVC D4  7-1
11:00 SDS C1 – Heeg C1  3-2
12:30 SDS 2 – Blauw Wit ’34 2  0-2
12:30 SDS D4M – AVC D2  1-1
14:00 SDS DA1 – Mulier DA2  1-3
15:00 SDS 1 – Fean’58 1  0-5
16:00 SDS DA2 – Zeerobben DA1  3-7
9:00 SneekWit-Zwart E5 – SDS E3  3-3
10:00 Bakhuizen F1 – SDS F2  6-1
10:00 Oudehaske E4 – SDS E5  12-0
10:10 CVVO F3 – SDS F1  2-2
10:15 Arum C1 – SDS C2  4-0
10:30 Blauwhuis B1 – SDS B1  g.n.t.
12:00 Heerenveen E4 – SDS E1  net trochjun
12:00 S.C. Stiens A1 – SDS A1  9-0
12:45 Walde De 3 – SDS 4  g.n.t.
13:30 SVN’69 4 – SDS 5  4-2
14:30 Franeker SC 2 – SDS 3  3-3
14:30 S.C. Stiens 5 – SDS 6  3-0

g.n.t.= gie net troch
De wedstryd tusken Blauwhuis B1 en SDS B1 is fersetten nei in oare dei.

SDS 1 – ’t Fean ’58 1 0-5
0-5 wie al spitich genôch, mar no krige
Tsjipke Okkema ek noch in reade kaart en no steane wy ek noch ûnderoan….

SDS 2 – Blauw-Wit ’34 2 0-2
SDS 2 ferlear mei 0-2 fan Blauw-Wit ’34 2 mei 0-2. Neffens tsjûgen waard de 0-1 makke mei help fan in hân. De skiedsrjochter woe hjir neat fan witte.

SC Franeker 2 – SDS 3 3-3
SDS 3 fuotballe hielendal net gek de earste helte, mar hie de pech dat de keeper fan SC Franeker de wedstryd fan syn libben keepte. It waard sels 1-0 foar de Frjentsjerters. Lokkich makke Pieter Kamstra der al gau 1-1 fan sadat SDS yn de rêst besprekke koe hoe ’t sy de twadde helte deroerhinne gean soenen. It gie wat oars en it waard sels 3-1 foar SC Franeker. Yn it lêste kertier fuotballe SDS alles of niks en dat rissulteare úteinlik yn in terjochte 3-3(Pieter Kamstra en Sietse). Johan Delfsma krige noch in reade kaart.
It publyk wie fannemiddei de grutte winner en de keeper fan SC Franeker de man fan de wedstryd.

SVN’69 4 – SDS 5 4-2
Neidat Pieter Groenveld al yn de earste helte blesseard rekke moast SDS 5 fierder mei 10 man. Dit koe SDS 5 net hâlde. Christian Hoekstra makke beide doelpunten foar SDS 5.
De komplimenten noch foar SVN’69(út Nijeveen….) dy ’t sels in flagger regelden foar SDS 5.

SDS DA2 – Zeerobben DA2
De doelpunten fan SDS DA2 waarden makke troch Geertje Klaversma, Manon Travaille en Sietske Poelsma.

SDS D1-Wolvega D1 1-3 
Ferlieze en dochs tefreden weze, dat wie der oan de han fannemoarn. Sunder us sieke leider Tjerk mar mei Oane Bouke en Jurjen die wer flagje woe (dank) begunnen we oan de, en dat wisten we foaraf, swiere wedstryd. Wolvega hat n goeie ploeg, stiet tredde, is fysiek wat sterker en  fuotbalt krekt wat makkelijker as SDS. Ut hiene wy mei 6-1 ferlern.
Yn de 1ste helte gong Wolvega ek fanatiek fan start, mar SDS joech einlyks gjin kans fuort. Allinnich wat afstandsskotten brochten gefaar maar keeper GertJan stun subliem te keepen. Wy kaemen steeds meer under druk en ja at de tsjinstander net skoard dan moatte je dat self mar dwaen. Ut in stekpass fan Frank keam Iward oan de bal, sprinte syn tsjinstander derut en skoarde beheerst. 1-0, tsjin de ferhalding mar oeh sa moai! Dernei kryge Wolvega wol wat kansen mar op en nei GertJan halde us steande.
Nei rust moasten we mei 10 man begjinne troch n 5 minuten straf. Krekt yn de leste strafminuut skoarde Wolvega de 1-1. SDS probeare it wol op te pakken mar it ferdedigjen koste safolle kreft dat der opbouwend net safolle energie meer yn siet. 10 minuten foar tyd kaem Wolvega op de 1-2 en efkens letter op de 1-3. SDS kryg de swung wer wat te pakken, n moaie kans fia Yward ut n pass van de sterke Gerwin waer fan de line afhelle,. Letter skeat Jorrit (ek goed hjoed) nog op de latte mar mear siet der net yn.   
Mar wat in wedstryd en wat in ynset en wat in tempo. SDS hat fochten en by tyden goed fuotballe. De 1-3 wie uteinlyks wol terjochte mar wat kinne je dan dochs grutsk weze op je eigen prestaasje. Super jongens!
Komende tongersdei thus tsjin Dronryp, in mear gelykwaardige tsjinstander. Minsken kom gewoan es sjen bij dit prachtteam.
Remco