Weppers snein 1-5

Utslaggen 30-4
29 april 2016
Weppers tiisdei 2-5
1 mei 2016

SDS-slotjûn 14 maaie
Nei de lêste wedstryd fan SDS 1 op sneon 14 maaie is der û.o. in barbekjoe. Jim kinne jim dêr hjoed of moarn fia de webside foar opjaan. Lolke Bouma en Willem Twijnstra steane al op de list.

Pupil fan de wike

Der wie juster mar ien SDS-ers dy’t de doelman fan QVC passearde. Dat wie Tobias Jellema, dy’t troch de ferdigening fan QVC solearde en de keeper maklik passearde en sa it goeie foarbyld joech. Helaas wie it it ienige doelpunt. Nei ôfrin woe Tobias op de foto mei de spiler dy’t it langst bij him yn de dugout sitten hie, Habtamu de Hoop dy’t krekt foar tiid noch ynfoel.

9 meter of ……
Bij in frije traap moat de muorre op 9 meter en in bytsje. Je sjogge dan skiedsrjochters ynienen mei grutte stappen de ôfstân mjitten. Sa net de skiedsrjochter bij A1 juster. Hij hie wierskynlik thús al útmjitten dat 13 gewoane stappen fan him like folle wie as 9 “grutte” stappen…..

SDS 3
SDS3 moast juster tasjen hoe’t Balk 3 it die tsjin WPB 3. Bij ferlies fan Balk soe SDS kampioen wêze… Balk 3 wûn en dus wie it noch net feest….. Dat feest kin it wol wurde mar dan moat SDS 3 gelykspylje tsjin dat selde Balk 3 op 14 maaie…. Yn Balk.

A1
At sc Stiens juster ferlern hie en SDS 1 wûn, dan hie A1 juster ek kampioen west. Mar sa gie it net. sc Stiens wûn en SDS spile gelyk. Nije wike moat SDS yn Stiens winne om kampioen te wurden. Beide ploegen steane gelyk en it doelsaldo fan SDS is better, mar dat makket neat út, want as beide ploegen lyk eindigje dan sil der in beslissingswedstryd spile wurde moatte. De wedstryd yn Stiens is nije wike om 10.30 oere.

Harsens derby (1710)
Toet, toet!