Weppers peaskesnein 8-4

Utslaggen stille sneon
7 april 2012
Aaipopweppers
8 april 2012

SDS 1

SDS 1 hat juster wat “soer” ferlern mar krijt de kommende wike de kâns om twa kear “swiet” te winnen. Kommende tiisdeitejûn komt it Fean nei Easterein en dy steane der krekt sa foar as SDS. Supporters lit jim jilde en kom lâns om SDS te stypjen om degradaasje noch in jier foar te kommen.

SDS 1 – ’t Fean ’58 1
17.30: der wêze
18.45: fuotbalje
Jaap, Jelmer, Jacob von W., Arjan, Ewout, Feite, Kristiaan, Redmer, Harm, Tsjipke, Dirk-Yde, Feiko, Dirk, Wytze en Skelte.
Erik is skorst nei giele kaart nûmer 4. Ek Jacob-Klaas is skorst.

Ferslaggen
Foar útslaggen en ferslaggen fan juster sjoch hjir

C1 op Skylge

De sosjale media steane foar neat. Justermoarn krigen wij al moai op tiid fia Twitter in foto fan Piter van der Pol. Sa te sjen wiene de C1 spilers yn in goeie stemming. De kapitein (Doekie) sjocht allinne wat ferbaasd.

C2

align=baseline


Ien fan de wepmasters is al in oantal sneonen oan it skouten yn de tredde klasse. Dizze kear stie Bolswardia-Nijlân op it programma. Moai op tiid yn Boalsert en sa koe noch in stikje fan jv Bolward C3 – SDS C2 meipakt wurde.
Doe’t er kaam stie in 0-1 mar syn oanwêzichheid oan de line, mei de fotokamera die it net goed. It waard 1-1 en jv Bolsward wie ticht bij de 2-1. It lêste kertierke koe hij net mear sjen en dat wie in gelok foar C2. Sij skoarden sûnder de kamera gelyk wer twa doelpunten.  Einstân 1-3.

11-2
In heit fan ien fan de froulju fan Da2 krige in WhatsApke mei de einstân 11-2. Hij meldt dit bij syn broer dy’t neist him stiet en dy freget him ôf: “sitst se net mear op fuotbal?”  “Jaseker, hoe soe?” “Ik tocht miskien sit se no wol op kuorkebaljen.”

Mei it kopke
Hendrik de Jong hie juster aardich de kop derby. Hy skoorde juster 2 kear foar SDS 3 tsjin Heeg 2. Yn mei de kop en ien mei it “kopke”…….

Matthäus
De measte fuotballers tinke hjirby oan dy âlde ferfelende Dútse fuotballer. Eeltje Bootsma fan E4 net. Hy sit by it Martini jongenskoor fan Snits en song de ôfrûne wiken ferskeidene kearen mei yn de Matthäus Passion. Sa stie hy woansdeitejûn yn de Lawei, tongersdei yn Alkmaar en freedtejûn yn it Concertgebouw yn Amsterdam.
Nei 3 jûnen let op bêd wie it foar Eeltsje al dreech om sneon om 9.00 mei E4 te boljen tsjin Akkrum. Nei in eigen goal en de lange broek oan kaam it úteinlik noch goed. Eeltje skoorde en E4 wûn mei 3-2.

Fan herte lokwinske!
Supersub Dirk de Jong is hjoed jierdei! Hy wurdt 27 jier. Fan herte lokwinske!

Harsens derby (730)
Hjoed noflik efkes peasaaien sykje. As sy net al te wyld binne………….