Aaipopweppers

Weppers peaskesnein 8-4
7 april 2012
Weppers tiisdei 10-4
9 april 2012

Hjoed  is der op Aaipop foar alle SDS’ers wol wat nijsgjirrichs. De wepmasters hawwe hjoed harren personielsfeessie en sij fiere dat yn Nijlân en hawwe al fêst wat filmkes útsocht om yn de stimming te kommen.

Sa is der foar spesjaal foar Gert-Jan Hessels en Jelmer Posthumus:
Jappie Kommando fan Hûnekop:


Foar Stoffel en alle ploegen fan SDS wêrby de punten net op de rêch groeie:
Bombarje mei Jûkte op de rêch:


Foar Anne Brouwer en Anne “Patat” Stenekes is der:
Oane fan Frysellica:


Foar alle Eastereiners fan SDS is der
Sebeare


Foar Bote Strikwerda is der:
Deroels


Der is sels wat foar de Haitsma’s!
Anneke Douma mei It Woanskip


Foar Pieter Lieuwe omdat Jarretank der net is en je hjir ek bij stampe kinne:
Stiet as Quo mei Wij hâlde ús wat yn
 

Foar Robin(D3) en Luka van der Weg (F1), Benthe Okkema (F1), Nykele Pieter Okkema (D2) en Jorrit van der Velde (F6) omdat harren heiten op Aaipop spylje.
Voskovs Grodzemods mei Wij binne grutsk op ús heiten

Net foar Lolke Hofstra en Ate Vellinga omdat sij dit en alle dy oare nûmers fan Jankobus freeslik fine

Foar de twa Wagenaars, de twa Haitsma’s, de twa Dijkstra’s, de oare twa Dijkstra’s en Sjoerd en Jan.
Die Twa: Asto mar bij mij bist

Foar de seleksje fan SDS 1 dy’t hjoed ûntspand yn Nijlân en moarn de earste klap útdiele sil yn de striid tsjin degradaasje tsjin it Fean 58.
Janna Eijer mei Klap 

Foar Skelte Anema, de Cash kenner fan Mantgum en fiere omkriten.
Rekker mei In man neamd Tyt