Utslaggen stille sneon

Weppers goedfreed
6 april 2012
Weppers peaskesnein 8-4
7 april 2012

Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700

útslach
9:00 SDS E3 – SWZ E10 1-5
9:00 SDS E4 – Akkrum E6G 3-2
10:10 SDS F2 – Nijland F1 3-6
10:10 SDS F3 – Nijland F2 4-7
10:30 SDS D4 – Beetgum MD1 7-tal 1-1
11:15 SDS E5 – Nijland E2 3-2
11:15 SDS F5 – Oosterlittens F4 3-1
12:00 SDS 5 – Ternaard 3 ôflast
12:40 SDS B1 – Scharnegoutum’70 B1 2-1
14:00 SDS 3 – Heeg 2 3-2
14:30 SDS DA1 – Joure SC DA1 0-2
16:00 SDS 4 – Scharnegoutum’70 3 1-6
9:00 ONS Sneek D2 – SDS D1 3-0
9:00 GAVC F3 – SDS F1 3-2
10:00 TOP’63 F2 – SDS F6 2-1
10:15 ONS Sneek E2 – SDS E1 3-3
10:30 JV Bolsward A1 – SDS A1 ferskood
11:15 Harlingen D1 – SDS D2 4-5
12:30 Terschelling C1 – SDS C1 1-3
13:00 JV Bolsward C3 – SDS C2 1-3
14:30 Veenwouden SC 1 – SDS 1 1-0
14:30 Harkemase Boys 2 – SDS 2 1-0
15:45 LSC 1890 D6 – SDS D3 6-0


Ôflast
Ype Tiemersma kin de fluit yn de bûse hâlde. Ternaard 3 hat te min minsken en hat om 9.30 ôfbelle. De wedstryd SDS 5 – Ternaard 3 giet dus net troch.

Veenwouden 1 – SDS 1      1-0
Wat wij der fan witte is dat Veenwouden yn de 91ste minút skoarde. Hast in puntsje dus.

Harkemase Boys 2 – SDS 2 1-0
De wedstryd tusken Harkemase Boys 2 en SDS 2 like by tiden wol in striid tusken de beide grinsrjochters. Wa koe it heechst de flagge omheech hâlde sûnder dat it nei bûtenspol stonk….
SDS 2 krige wol wat kânskes, mar as je yn de hoeke sitte wêr ’t de klappen falle dan ferlies je sa ’n wedstryd “gewoan” mei 1-0 en kinne je hast klear meitsje foar streekrjochte degradaasje.

SDS 3 – Heeg 2 3-2
SDS 3 begie knap oan de wedstryd en hie de beste kânsen op de 1-0. Yn it fuotbal kin it dan samar oars, want it waard 0-1 en SDS 3 kaam noch goed wei doe ’t Jan gjin reade kaart krige. Hendrik de Jong makke der foar de rêst noch 1-1 foar en nei de té like Heeg ryp foar de sloop. SDS 3 begie de twadde helte mei in pear beste kânsen, mar ien kounter fan Heech soarge alwer foar de 1-2. Lokkich wie it Hendrik de Jong dy ’t der koppend út in korner 2-2 fan makke. In minút foar tiid wie it ynfaller Johan Delfsma dy ’t der 3-2 fan makke.

SDS 4 – Scharnegoutum 3    1-6
Om in fuotbalmiddei foar SDS 4 te bedjêren hie Scharnegoutum in spiler fan it earste meinaam. Hij skoarde 5 kear. Hulde dêrfoar.
Steffen Bruinsma skoarde ien kear foar SDS 4 en sa hâlde wij it op in einstân fan 1-1.


Terschelling C1 – SDS C1 1 – 3
Onder deskundige leiding van ex-SDS’er Wim Bakker, sleepte C1 weer drie punten in de wacht. Dit alles op het zonovergoten Terschellinger paradijs. ‘Doekie’ (zie foto Twitter enz.) vermaakte de boys op de boot. Dit gaf extra kracht. Prachtig positiespel werd even onderbroken door een vervelende goal voor Terschelling. Hierna stelde SDS snel orde op zaken en liep door tot 1 – 3.
Drie keer konden de T-shirts dus omhoog om de op de borstkas aangebrachte Doekie-tattoos te showen. Gelukkig had Wim geen gele kaarten mee! Hierna terrasje, biertje, visje en wederom de conclusie dat het coachleven bij SDS C1 zo slecht nog niet is. Meeste bewondering gaat uit naar Pieter S. die voor afvaart van de snelle boot, in de haven alvast een zomerliefde scoorde voor de aanstaande vakantie, topper! Volgende week de superkraker tegen AVC C1, komt allen!!
 
Tjerk

Harlingen D1 – SDS D2
De wyn derûnder.
Sneontemoarn om 10:15 oere setten we of nei Harns. De “boeren” fan de D2, moasten it opnimme tsjin de D1 fan VV Harlingen.
It wie moai waar mei in straffe wyn út it noarden. Sjoerd Wiersman hie moarns al mei de D1 mei west te keepen tsjin Snits en hy wie krekt op tyd yn it fjild om mei syn eigen D2 mei to dwaan. De earste 10 minuten gie de bal wat hin en wer tusken Harns en SDS, mar de iepeningstreffer wie foar de “ouwe seunen” , 1-0. Ut in corner skoarde oanfierder Jan Sytsma koart dêrop de 1-1. Harns reagearde snel en hie dúdelyk foardiel fan de wyn yn e rêg en makke der foar de rêst 3-1 fan. Der binne bettere standen om de rest mei yn to gean. Mar in goeie peptalk en it foardiel fan de wyn yn e rêg soarge der foar dat de mannen fan D2 wêr mei goeie moed it fjild op stapten. Helaas wie it Harns die’t foart en dalyks nei it begjin signaal 4-1 skoarde. Op yn of oare manier stie der op rjocht by harren altyd een spiler frij!.
Mar al gau naam SDS it stjoer yn de wedstryd oer. Wytse Yntema skoarde 4-2, dêr mei wie de ear wat rêden. Doe waard er 4-3 skoard, miskien sit der nog wol gelyk spul yn? 4-4, we kinne nog wol winne!!! En sa kaam it ek, Jan Sytsma makke der nog 4-5 fan! De mannen fan D2 hawwe sich keihurd werom fjochte tsjin de Harnsers en terjocht wûnen. “Man of the match” wie yn myn eagen Sjoerd Wiersma die’t op ien moarnskoft twa wedstryden goed keept hat.
Kommende sneon moatte se thús tsjin SWZ D4 (de koprinner), it giet dan om de nûmer ien en nûmer twa yn e kompetysje.
It wurd wis spannend dus kom allegeare sjen!!
Hans

Top 63   F2 – SDS F6
Hjoed mochten de toppers van F6 tsjin de jonges en famke van Top en Twel. De wedstryd wie hast een kopy fan de striid tsjin Nye Hoarne. De hele tiid stoenen we mei 0-1 foar. Yn’e easte helte skoarde Redmer al gau en reinde it kânsen oan de kant fan SDS. Mar yn’e de twadde helte moasten we tsjin de kâlde hurde win yn. De spanning wie om te snijen. Sybrand syn heit wie hjoed de drager fan’e wettersek en ek hy hie it drok mei oanwisingen te jaan. Yn syn enthousiasme en miskien wol troch de spanning fergeat hy syn sek en dizze hat in lange tiid midden op it fjild lein. Lang koene we de 0 hâlde mar dochs krigen wy yn it lêst 2 goals tsjin. Oere wike spylje we thús dus komt allen want ús toppers steane garant foar spannende wedstriden!! De coaches kinne de spanning somtiden hast net oan.  
Tiede

YVC/Heeg Da 1 – SDS Da2    11-2  (oefenwedstriid)
De froulju hawwe mei dúdlike sifers ferlern fan de kombinaasje YVC/Heeg.