Weppers moandei 12-9

De blik op JO15-1
11 september 2016
Weppers tiisdei 13-9
13 september 2016

SDS-League

Nei in wykein mei folop Eredivisiefuotbal nimme wy dochs oan dat eltsenien syn nije team foar de SDS-League yn de holle hat. Print dit formulier, ful je team en soargje dat je him ynleverje foar sneon 24 septimber om 19.00 oere. Dat moat slagje tochten wy sa! Der lizze ek wol formulieren yn de kantine.

Skaad

Gaasterlân, septimber 2016, fjild fan NOK, wedstriid NOK 2 – SDS 2, it is waarm, bloedhyt.
Spilers hawwe der lêst fan , mar ek wer net, sij binne droke dwaande, sij draaie nei de sinne ta en fan de sinne ôf.

Hoe oars is dat yn de dug-out, foar de wikselspilers en de sinne yn de kop. Konstant.

Oplossing: De reserve sjurtsjes dus….

 

 

 

Topskoarders 3A

Yn de tredde klasse A binne al hiel wat spilers dy’t twa kear skoard ha. Der is ien mei 3 doelpunten. Sjoch hjir

Bekerstriid

Wij hawwe der net echt sicht op welke jeugdteams trochgien binne yn de beker. Fan JO11-3 witte wij it wol. Sij stjoerden in “willetwiit” mei in foto derbij, dy’t jim hjir sjen kinne.

Dochs noch wat mei nei hûs!

Juster spitich genôch gjin punten mei nei Heeg, mar wol de earste priis mei de ferlotting!
De droege woarsten fan Murk smeitsje prima.
Tige tank!
Groetnis,
Joris Wijnja

Sykje op de SDS-side

sdswebsidesykjeHawwe jim alris op dat knopke drukt hjir rjochsboppe op de webside? Neist ‘kontakt’? Je kinne dêr mei sykje op de webside. As je op it knopke drukke dan komt der “sykje” te stean en as je dan bygelyks ‘Hendrik de Jong’ yntikke dan krije alle artikelen te sjen wêr ’t hy fanôf it begjin fan de SDS-side yn neamd is. As je dan nei 4 dagen alles oer Hendrik lêzen hawwe dan kinne je dêrnei wer wat oars leuks opsykje. Is dat net alderaardichst?

SDS-ers der op út

wesseliusWij tinke dat wij dit jier in moaie bledside meitsje mei allegear “SDS-ers der op út” nei wedstriden yn it bûtenlân. En foardat wij it witte, is it al los. Meinte Wesselius wie mei beide soannen Pieter en Sybren nei Londen; Arsenal – Southampton (2-1).

 

Harsens  derby (1759)

Hatseflatse! Wat in assist op hast in goal!
Hoe neam je dat eins as de bal nei in assist hast sit?
In hastsist?