Weppers tiisdei 13-9

Weppers moandei 12-9
12 september 2016
Weppers tongersdei 15-9
15 september 2016

SDS-LeagueSDSLeaguelogo

Nei in wykein mei folop Eredivisiefuotbal nimme wy dochs oan dat eltsenien syn nije team foar de SDS-League yn de holle hat. Print dit formulier, ful je team en soargje dat je him ynleverje foar sneon 24 septimber om 19.00 oere. Dat moat slagje tochten wy sa! Der lizze ek wol formulieren yn de kantine.

SDS 4

De doelpuntenmakker fan SDS 4 fan sneon hiene wij noch net melden. En dat is net leuk foar Eeltje Postma. Hij skoarde dus….

SDS 1 út nei Willemsoord

SDS 1 mei kommende sneon út nei vv Willemsoord. Om ’t dit bûten de provinsje leit like it de spilers fan SDS 1 wol wat om der yn buskes hinne. Sy meitsje der dan ek in uitje fan en pikke de hiele dei mei. Earst mei buskes nei Willemsoord en dêr nei de wedstryd efkes neisitte en dan op it ein fan de middei rjochting `Willem’s oord`; it Greidhoek’ Festival yn Wommels 😉

SDS 3

It folledige kompetysjeprogramma fan SDS 3 kinne je fine op de teamside fan SDS 3. No ’t sy mar 10 ploegen yn de kompetysje hawwe ynstee fan 12 binne sy ek wolris in wykein frij. Spitich genôch foar SDS 3 falle de frije wykeinen krekt allegear efterelkoar. Dat betsjut dat sy hast hiel novimber en hiel april frij binne……….

Preamfare mei Germpreamfaren-germ-sds-feiling

Christiaan Hoekstra wûn ferline jier juny mei de SDS-keunstgersfeiling in middei preamfare mei Germ Stenekes ynklusyf iten en drinken. It kaam der mar nea fan om mei in hiele groep ôf te praten, mar ôfrûne snein wie it dan eindelijk safier. Om it waar koe it net better!

Harsens derby (1760)

Is dit in knappe goal of net?
Spitich genôch fûn de skiedsrjochter fan net…………