Weppers moandei 9-2

Weppers snein 8-2
6 februari 2009
Weppers tiisdei 10-2
9 februari 2009

Skoallefamkes SDS
Fannemiddei sille de skoallefamkes fan SDS foar it earst traine. Sy traine om 16.30 yn Easterein ûnder lieding fan Sieta Tessemaker. De folgende famkes dogge mei: Maricela Kooistra, Valeria Veldhuizen, Sanne Rixt Jorritsma, Jildou Siesling, Ilse Walstra en Jildou Bervoets. Wa ’t it ek wat liket om mei dizze famkes te fuotbaljen kin har hjir oanmelde. 

Skuon
Nei in fuotbalsneon bliuwe der altiten fuotbalskuon en fuotbalklean lizzen op it sportpark “de Skoalleseize”. Meastal komme se wol wer te plak. Sa seagen wij freed Sjirkje Plantinga mei grutte stappen it sportpark op trêdzjen. Sij socht Willem Twijnstra op en dan witte je it wol: ien fan de bern hat wat lizze litten. It wie net de jongste, it wie ek net de ien nei jongste. Nee it wie foar manleaf Jacob: dy hie syn skuon nei SDS 5- Blauw Wit 8 net thús brocht.

Op bêd
Je hawwe wolris sa ’n dei dat je jûns tinke; “wie ik mar op bêd bleaun”. Feite de Haan hie sneon sa ’n dei. Om 5 foar alven waard hy wekker belle troch Jeroen Brouwer dat hy te oefenjen moast mei SDS 2. Hurd oanklaaid en mei in cracker yn de mûle koe hy foar hûs lyk by Anne yn de auto stappe. Mei de sliep noch yn de eagen op wei nei Ljouwerter Sweltsjes. Nei 10 minuten fuotballe te hawwen waard hy wekker makke troch in skoen fan in tsjinstanner. De holle waard aardich skeint en it bloedde flink. Fansels mar efkes nei it MCL. Nei 2 en in heal oere wachtsjen eindelijk oan de beurt, in bytsje lym derop en wer nei hûs. 

Kalkje
Tongersdeitejûn Durk Okkema es-em-est:
“wannear kinsto kalkje?”
“Ik?  nooit”, wie it antwurd nei goed 5 minuten
Sneontemiddei hawwe wij it der efkes oerhân. Harm Auke wol graach diel út meitsje fan de linekalkploech. Klasse Harm.

En doe wiene der noch….
Bij de froulju fan SDS sille se it yn alle gefallen dit seizoen sûnder Anne-Marije Hofstra dwaan moatte. Sij giet foar langere tiid nei Grut Brittanie. Op de grins fan Ingelân en Skotlân, sa’n 100 kilometer boppe New Castle giet sij au-pairen.

Bedankt!
SDS 3 wie sneon tige wiis mei de geste fan Klaas Okkema. Ûndanks dat SDS 2 te oefenjen gie woe hy keeper Marten Faber wol ôfstean oan SDS 3. Dit die fertúten, want SDS 3 wist mei 2-1 fan NOK te winnen. Namens SDS 3, Klaas bedankt!

SDS League
Hjoed sil ien fan de wepmasters de hiele dei dwaande om de SDS Leagues yn de kompjoeter te krijen. Hooplik kinne wy dan woansdei de nijste stân útbringe. Dit hinget noch wol ôf fan ús “puntenleveransier”.

Snelle goal
Ousmane Sanou stie ôfrûne freed noch mar 3 sekonden yn it fjild doe ’t hy skoorde foar TOP Oss. In nij rekord:

Letter miskien wol mear!