Weppers snein 8-2

SDS A1
6 februari 2009
Weppers moandei 9-2
7 februari 2009

SDS 1
SDS 1 hat justermiddei tsjin Balk oefene. De einstân wie 0-2. Doelpunten wiene der fan Erik Haitsma(“ôfstânsskot”) en Henk Postma (“mislukte foarset”).

SDS 2
SDS 2 hat op it keunstgers fan Ljouwerter Sweltsjes tsjin it twadde spile. It wie net de dei fan SDS 2, want it waard úteinlik 1-8. Jelmer makke de ienige goal foar SDS út in pingel. Feite foel mei in holle blessure út. Moarn mear hjir oer. 

SDS 3
Yn it altyd moaie Gaasterlân  helle SDS 3 in oerwinning.  Hoe it krekt gien is en wa’t skoarde is ús net bekind.

SDS 4
Fol ambysje set SDS 4 de twadde helte fan it seizoen yn. Tsjin Nijlân waard oefene. Foar SDS skoarde Gerlof Obed . Wa’t de trije doelpunten fan Nijlân skoarde is ús net bekind
.

Kalkje
Harm Bergsma hat de kalkkarre net yn de wylgen hongen mar is wol stoppe mei it útsetten fan de linen. Der binne no in oantal SDS-ers dy’t harren dizze keunst eigen meitsje wolle en dy krigen sneontemoarn les.

Klaas Okkema is op wei nei Willem Twijnstra, wylst Harm bliid is dat hij sa’n rjochte opfolger krijt


Ek it bochtje giet sûnder flaters


Piet Kempe sjocht hjir noch ta, mar gie ek mei gemak de linen lâns. Ek Aant die mei en hij mocht sjen litte wat der ferkeard gean kin. Gelokkich dat hij sels de foto’s makket. Willem Wijnia en Stoffel Bouma tinke it sûnder ynstruksje te kinnen.

Voetballen in de zomervakantie of de herfstvakantie

In de zomervakantie organiseert district Noord van de KNVB 5 voetbaldagen (inclusief overnachting) voor F tot en met B-junioren én volwassenen met een beperking. Van maandag tot en met vrijdag draait in Havelte, Bakkeveen, Gasselte en Sneek (hier 3 dagen, specifiek voor kinderen met een beperking) dan alles om de bal.
In de herfstvakantie doen we dat nog eens dunnetjes over. Dan gaat het op 10 accommodaties om 3 dagen (zonder overnachting) voetballen.
Kijk op voor verdere informatie op:
• 
www.knvb.nl/voetbaldagen of
• 
www.knvb.nl/noord en vervolgens klikken op ‘voetbaltechnische zaken’

JC/TC
At de jeugdkommisje of technyske kommisje nijs hat dan kinne jim dat hjir fine. Sa komme dêr ek de útnoegings fan de toernooien te stean.

Traine yn de seal
Noch twa wiken is der trainen foar de jeugd yn de seal. Sjoch
hjir foar it skema.

Min
Freddie hie in minne snein mei it dikke ferlies fan it team fan “pannenkoek Marco van Basten, tsjin Vitesse. Lokkich genôch makke de winst fan Liverpool juster tsjin Portsmouth in soad goed: