Weppers moandei 9-2

Keunstgers foar SDS! (3)
8 februari 2015
Weppers tiisdei 10-2
9 februari 2015

Traine
Achter de sporthal kan wel getraind worden. Voor de kleedboxen kan niet getraind worden.
Oetze

Beker/ynhel
Kommende sneon is it in beker- en ynhelsneon wat it amateurfuotbal oanbelanget. It betsjut dat SDS 1 út nei SC Joure 1 moat. SDS 2 hoecht net, want de ienige ynhelwedstryd dy ’t stiet tsjin DWP 2 kin sneon net fuotballe wurde om ’t DWP sneon al foar de beker moat.
SDS A1 moat sneon thús ynhelje tsjin Sint-Anne.

Net oefenje, mar traine
SDS 2 soe moarntejûn oefenje tsjin Berltsum 2. Der is allinnich net in keunstgersfjild te krijen. No wurdt der gewoan traind yn Easterein. Eltsenien fan de B-seleksje wurdt ferwachte.

Ut in âlde Treffer

Dit komt út in Treffer fan 1971-1972. it giet dus oer SDS 3. Kinne jim se noch?

Fan herte lokwinske!
Jan Stenekes is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Seal
De sealfuotballers fan SDS 1 meie moarn wer los. Sy spylje dan om 20.55 oere út tsjin SC Bolsward 3.

SDS League!
Jim hawwe mar ien wike om in team foar de SDS League te meitsjen. Dat liket ús mei dit waar wol genôch. Graach ynleverje foar sneon 14 febrewaris 19.00 oere. Jim kinne der
hjir alles oer lêze.

Harsens derby (1429)
“Tikkie werom, Jaap!”