Weppers tiisdei 10-2

Weppers moandei 9-2
9 februari 2015
Mei tank oan Dutsen en Wheagan!
11 februari 2015

SDS 2 sil net traine
SDS 2 soe jûn traine, mar troch omstannichheden kin it net trochgean.
Sneon wurdt der heechstwierskynlik oefene tsjin Berltsum 2 en nije wike tiisdei tsjin Dronryp 2.

Út nei DWP!
De ôflaste wedstryd fan ôfrûne sneon tusken DWP 2 en SDS 2 is op ‘e nij fêststeld op sneon 14 maart. It tafal is dat ek SDS 1 dan út ynhelje moat tsjin DWP 1.

Peaske
It Peaskewykein wie dit jier net bedoeld as ynhelwykein, mar no ’t der de lêste wiken net folle fuotballe wurdt hat de KNVB dit feroare. SDS 1 mei op Peaskesneon tsjin Mulier 1 en op Peaskemoandei om 17.00 tsjin TONEGO 1.

SDS 4 en 5 de seal yn
Woansdeitejûn om 20.30 oere geane SDS 4 en 5 de seal wer yn. Fansels nimme se allegear efkes in eurootsje mei.

Lytse poppe!
Feite de Haan en syn freondinne Nynke hawwe in lytse poppe krigen; Marije! Op dat sy mar in grutte sûne faam wurde mei! Fan herte lokwinske!

No noch in roze jaske, mar skylk fansels in SDS-trainingsjas!

Dooitze is der net
Dooitze is der dizze wike net. Tongersdei sil Frans Munsterman it tapen fan inkeltsjes by SDS 1 fan him oernimme en sneon sil Ria Heitbrink mei as strykster nei SC Joure 1 – SDS 1. Juster stie Ria noch yn de Ljouwerter Krante op side 18.

SDS League!
Jim hawwe mar ien wike om in team foar de SDS League te meitsjen. Dat liket ús mei dit waar wol genôch. Graach ynleverje foar sneon 14 febrewaris 19.00 oere. Jim kinne der
hjir alles oer lêze.

SDS en de Poeisz-aksje
SDS docht ek wer mei oan de Poeisz-aksje. Dêrfoar moatte je nei de Poiesz yn Skearnegoutum. Yn de kantine sil ek wol in bak komme te stean wêr ’t je de Poeisz-munten yn kwyt kinne. By eltse €10,- oan boadskippen krije je in munt. Hooplik ynkoarten mear hjir oer.
http://www.poiesz-supermarkten.nl/files/0/6/7/2/JSA_socialmedia_banner.jpg?height=391&width=783

Peppi & Kokki
Kokki; “Hé sjoch, dat is Boulahrouz. Dy hat ferkering mei Miss Holland”.
Peppi; “Wat? Mei Kim Holland…………..”

Alderaardichst
Haha...

Harsens derby (1430)
Wy nimme oan dat Jaap Toering hjir yn de winterstop ek drok foar oan it trainen west hat.