Weppers moandei 9-10-2017

Sneon 7-10-2017
6 oktober 2017
SDS-League: Terpies pakke wykpriis!
9 oktober 2017

Ferslagen

Alles ferslagen fan sneon en dat binne der al moai (de iene wat langer as de oare) kinne jim hjir lêze. De lêsten dy’t binnen komme binne , binne fan de VR1 en JO17-1

Clarence Sluier klassemint

Der wurde hjoeddedei meardere strafskoppen mist troch deselde spiler, mar yn de goeie âlde tiid wie der mar ien dy’t dêr yn slagge. Clarence Seedorf. Nei him is ús klassemint neamd wêr’t je leaver net yn steane. Hij of sij dy’t in strafskop mist komt er yn, mei in sluier om of in pet djip oer de eagen.

Erik Haitsma miste bij SDS 1 yn de wedstriid tsjin DWP 1

Sûn

Sneontemoarn betiid  krigen wij al in foto binnen fan de barfrijwilligers. Sij wiene der klear foar en mei grutskens presintearden sij de skaal mei “appels foar de toarst”

Pupil bij de pupillen


Ferline wike wie Sander Velzen pupil fan de wike bij SDS 1. Nei ôfrin woe hij op de foto mei Bauke Dijkstra. Sneon wie it oarsom. Bauke Dijkstra wie pupil bij JO10-2 en woe hij nei ôfrin op de foto mei Sander Velzen

Freonen fan SDS


Wij hiene der sneon samar 11 freonen bij bij SDS. Zwaagwesteinde JO7-1 (út de Westereen) wie nei Easterein ôfreizge sûnder broekjes en sjurtsjes.  Yn sân hasten waard er noch immen nei de Westeren stjoerd mar de wedstriid moast wol begjinne.  Mei de sjurts fan SDS en de eigen lange broek oan sette men útein. Sa healwei de earste helte joech de skiedsrjochter efkes de gelegenheid om de klean te wikseljen.

Alvetal foto’s

Yn de rin fan moandei pleatse wij hjir ek noch tal fan alvetalfoto’s, want wij hawwe der meardere binnenkrigen.

SDS-League

Sneon koenen jim yn de kantine al de stân fan de SDS-League besjen. Jûn hjir ek op de webside.

Harsens derby (1932)

Ho!