SDS-League: Terpies pakke wykpriis!

Weppers moandei 9-10-2017
9 oktober 2017
Teaterstik giet net troch
10 oktober 2017

Úteinlik hawwe wy wer 65 teams foar de SDS-League binnen krigen fia de mail, app, brievenbus en hoe ek mar! Dat binne der dochs wer in stik of 5 mear as ferline jier.

It binne ‘de Terpies’ fan Bauke en Femke Terpstra dy ’t de earste wykrpiis fan dit seizoen
pakke. En sy wienen ek noch wol de twadde dy ’t harren team ynlevere.

Je hoefe net 11 goeie fuotballers yn je team te hawwen om heech te stean yn de SDS-League. Sa stiet ‘FC Savage’ fan Tom Wijnia twadde wylst 3 ferdedigers fan him noch altiten nul punten hawwe. It skeelde al dat hy Berghuis (FEY) yn syn team hie. Dy hie mar leafst 14 punten.

Yn de top 10 sjogge wy dochs wer wat bekenden. ‘De Supersubs’ fan Dirk de Jong eindigen foarige kear 3e en stiet no lyk alwer 3e, ‘Postmeister’ wie 2e en begjint no kreas as 6e en ‘Torpedo Toering’ fan Jaap wol syn minne prestaasje yn de foarige edysje (53e) graach goed meitsje en begjint as 4e.

 ‘Torpedo Toering’ giet wer as in raket!

Ús jongste dielnimmer Marc Hoekstra begjint mei ‘Kratje bier’ rêstich oan mei 17 punten en begjint as de reade lantearndrager.

SDS League 2017-2018 earste helte stand wike 1