Weppers moandei 8-8

Weppers snein 7-8
7 augustus 2011
SDS 1 seal
8 augustus 2011

SDS 1 earste training?
It oefen- en trainingsprogramma fan SDS 1 is ús net bekend, mar út ûnbetroubere bronnen hawwe wy fernaam dat sy jûn foar it earst traine sille en moarntejûn foar de twadde kear. De earste bekerwedstryd is op sneon 20 augustus om 14.30 thús tsjin FC Birdaard 1.

SDS 3
Wy fan SDS 3 wolle graach witte wa’t der mei fekansje binne, as net traine kinne de kommende wiken.
Soe elkenien oan jaan kinne wanneer hy der de kommende 3 wiken ferwachtet te wêzen en wanneer net.
Mail as belje even nei: janstenekes@hotmail.com , 06 280 680 51
Groeten Jan


South-Park SDS’ers(27)
Wy kinne hast wol wer wat nije South-Park-SDS’ers brûke. Wolle jim ien meitsje dan kinne jim der
hjir alles oer lêze.
Janneke van den Elshout makke harsels en dat is knap slagge fûnen wy:

Transfernijs(15)
De Eredivisie is los, mar de klups meie noch oan ’t en mei nije spilers helje en kinne ek noch wolris wat kwytreitsje. Der sille dus noch wol hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende 3 wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-Wesley Verhoek nei Nottingham Forest kin
-Engelaar nei Middlesborough mei
-Cillesen wol nei Ajax kin , mar net op de bank sitte wol
-Ruiz heechstwierskynlik nei de Spurs giet
-Zenden yn Dútslân en Nederlân sollisiteard
-Sampdoria Romero wol hawwe wol
-Newcastle United efter Erik Pieters oan sit
-Feyenoord foar Immers giet
-Barcelona noch ien kear probearje wol Fabregas te heljen
-Toivonen nei Napoli kin

Harsens derby (536)
Dizze keeper kin better op follyballen: