Weppers moandei 8-6

Weppers snein 7-6
7 juni 2009
SDS-MC1 2013
9 juni 2009

133 kear rekke
Mar leafst 133 doelpunten hawwe de mantsjes fan E4 dit seizoen makke. In absoluut rekord fan de lêste jierren.  Ek D1, F1 en E1 skoarden boppe de 100 doelpunten. Bij de senioren wie SDS 5 wer it meast produktyf. Klaas Pompstra hat it allegear op in rige setten foar ús. Sjoch
hjir.

Midsimmercup
Kommende sneon docht SDS mei oan de
Midsimmercup. Wy nimme oan dat SDS it dêr wat better fergean sil dan ôfrûne sneon op it 5 tsjin 5-toernoai yn Koudum. Dizze ploegen sitte by SDS yn de poule:
AVC
CSL
Futsal Marum
De Walde

Fuotbalskoalle
Yn septimber sil der yn Snits in fuotbalskoalle starte. De trainer fan Harkemase Boys, Henk de Jonge, is hjir de driuwende krêft efter. Sjoch hjir om der mear oer te witten te kommen.

Koentje moet blijven
De supporters fan SC Cambuur soenen graach wolle dat Koen Brack by SC Cambuur bliuwt. Sy hawwe dêrom in spesjale webside oprjochten om hântekeningen yn te sammeljen:
koentjemoetblijven.nl.

Freddy
Freddy Scheltema hat in nije single makke. Fansels kin dat net sûnder hjir in klip by te meitsjen. Neffens Britt en Sicco is it de saaiste klip ea. Wy sille ris efkes sjen as dat kloppet (klik
hjir).

Auw!
John Arne Riise fan AS Roma rekke oan it ein fan it seizoen noch flink blesseard troch in oanslach fan efteren fan kollega Juan. No ja, it soantsje dêrfan……..


Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!