Weppers moandei 7-12

Pupillen fan de wike
6 december 2015
Weppers tiisdei 8-12
7 december 2015

SDS 1
It ferslach fan SDS 1 – Oeverzwaluwen 1 , skreaun troch in Koudumer kinne jim
hjir lêze.

SDS 2 noch gjin winterskoft?
SDS 2 like winterskoft te hawwen, mar dit bliket dochs net sa te wêzen. De ôflaste wedstryd fan ôfrûne sneon tsjin vv Nijland 2 is no fêststeld op sneon 19 desimber.

Doelpunten
Ek dit wykein is der skoard. Troch Jelmer twa kear, troch Eeltsje 3 kear en troch Tjitske 4 kear. Totaal sjocht it der no
sa út.

SDS B1
SDS B1 soe tiisdei fuotbalje tsjin Nijland B1, mar neffens Voetbal.nl wurdt dit no kommende woansdei.
B1 sil jûn wer traine. Trainer Hans van der Schaar krijt assistinsje fan Erik Haitsma.

Lokwinske!
Skelte Anema is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Te wiet?

Dit wykein gongen der yn Fryslân in oantal wedstriden net troch fanwege te wiete fjilden. It like soms wol wat twiveleftich, omdat it in pear dagen reedlik droech west hie.. By Carlisle United wie gjin twivel.

Footbonaut
Mei Liverpool giet it wer goed. Tank oan trainer Klopp, dy’t folle flugger as van Gaal in stimpel drukke kin op de spulwize fan in team. Amper twa moanne oan de slach en it is al te sjen dat it op de spulwize fan Borussia Dortmund liket. Ien fan de helpmiddels dy’t Klopp yn Dútslân brûkte wie de fuotbalrobot. Sjoch mar ris nei
dit filmke.

Harsens derby (1636)
Hooplik hat dizze kommentator in bril frege oan Sinteklaas……….



Letter hjoed mear!