Weppers tiisdei 8-12

Weppers moandei 7-12
6 december 2015
Help de RABO SDS stypjen!
8 december 2015

Yn it FD
Yn it Friesch Deiblêd fan juster in reportaazje oer SDS nei oanlieding fan de wedstriid fan sneon en de stand. At jim op de plaatsjes klikke is it wol aardich te lêzen.

Programma sneon
Sneon in lyts programma. Mei 5 thúswedstriden en 3 útwedstriden.  SDS 1 moat nei sc Joure en dy wedstriid begjint al om 14.00 oere.

Neikompetysje SDS 1
It is noch net hielendal wis hoe ’t it komt mei de neikompetysje tusken de nûmers 11 en 12 yn de 3e-Klassen en de Perioadekampioenen fan de 4e-Klassen. De KNVB hopet foar 1 jannewaris mei in skema te kommen.

Programma 2016-2017
It seizoen 2016-2017 begjint foar SDS 1 foar de beker op sneon 20 augustus. De kompetysje begjint op 3 septimber.

RABO-ledensponsering
Je kinne der foar soargje dat SDS troch de Rabobank ekstra stipe wurdt. As je lid binne (of wurde) fan de Rabobank dan kinne je harren freegje 5 euro te stoarten op de rekken fan SDS. Dit kin de hiele moanne desimber. Je moatte je gegevens dan hjir ynfulle.
De kode fan SDS is: RLS_281


Harsens derby (1637)
Knappe kopbal!