Weppers moandei 6-8

Sneinweppers
5 augustus 2012
Weppers tiisdei 7-8
7 augustus 2012

Swart-Wyt
SDS spilet al 65 jier yn it swart-wyt. Dêrom liket it ús aardich as eltsenien freed op it 65-jierrich jubileum komt mei in swart of wyt sjurt, trui, himdsje, bikini, jurk of oars wat oan.

Wolkom!
Fansels is kommende freed eltsenien wolkom dy ’t wat ek mar mei SDS hat. Ek minsken dy ’t harren net opjûn hawwe foar de barbecue of net meidien hawwe oan it fuotbaltoernoai binne fan herte wolkom.

Kompetysje-yndielingen jeugd
De kompetysje-yndielingen fan de A’s oan en mei de D’s by de jeugd binne no ek bekend. Jim kinne se fine by de betreffende sides ûnder it kopke “jeugd”.
Hjir kinne jim alle yndielingen fan A’s oan ’t en mei de D’s fine.

Bekeryndielingen jeugd
Ek de bekeryndielingen binne bekend.
Hjir kinne jim se fine fan de A’s oan ’t en mei de F’s en fansels by betreffende teams ûnder it kopke “jeugd”.

SDS 2 is los!
SDS 1 sil jûn foar it earst traine, mar SDS 2 is al los. Sy trainden ôfrûne tongersdei foar it earst. Tiisdeitejûn traine sy op ‘e nij om 19.00 efter de sporthal.

SDS C2
Pieter de Boer en Hendricus Tacoma wurde de leiders fan C2. Sy soenen graach alle eameladressen fan de spilers fan C2 hawwe wolle. Jim meie se maile nei pieturrr@hotmail.com.

SDS-barbecue graach foarút betelje
De barbecue kommende freed kostet €10,- per persoan. Hjirfoar hawwe 3 stokjes saté, in hamburger, in karbonade, in woarst en in filetlapke. Dêrneist is der salade en stokbôle by de fleet.
It soe moai wêze as eltsenien dy’t him opjûn hat no alfêst €10,- oermakket op rekkennûmer 349501033 fan SDS út Easterein û.f.f. SDS 65 jier BBQ.
Dit skeelt freed hiel wat wurk.

Alderaardichst
Ek yn it eardere Eastblok dogge se alles oan de feiligens yn de stadions. Spesjale draaidoaren by de yngong en der hingje kamera’s. No kin der neat mear mis gean………..
dinamo boekarest 2 640x853 Cultuursnuiven in Boekarest

Harsens derby(819)
Sa meie wy dat waterpolo op de Olympyske Spelen ek wol lije: