Sneinweppers

SDS-histoarje
4 augustus 2012
Weppers moandei 6-8
6 augustus 2012

Trainingsprogramma SDS 1
Moarn sil SDS 1 oar it earst dit seizoen wer los. de rest fan it trainingsprogramma sjocht der foarearst sa út!
Ma. 06-08 Training 19.15 uur
Di. 07-08 Training 20.15 uur
Do. 09-08 Training 20.15 uur
Ma. 13-08 Training 19.15 uur
Di. 15-08 Training 20.15 uur
Do. 16-08 Training 20.15 uur

Fan herte lokwsinke!!
Wimke Merkus en Syb Overal hawwe 26 july yn it sikenhûs fan Snits in twaling krigen. Sy meitsje it goed en Wimke is ynmiddels thús. It is noch efkes wachtsjen op Brent en Lotte, mar Syb lit ús witte dat it tige goed mei harren giet.
“Oankommende jubileum komt nog wat te gau foar se. Mar folgend jubileum binne se der bij!” 
Groeten Syb en Wimke
Fan herte lokwinske!!

Brent liket no al like brún as syn pake!

SDS-jubileum
Foar wa ’t him noch opjaan wol foar it fuotbaljen en/of de barbecue mei it SDS-jubileum kommende freed moat dit hjoed noch efkes 
hjir dwaan.

SDS-barbecue graach foarút betelje
De barbecue kommende freed kostet €10,- per persoan. Hjirfoar hawwe 3 stokjes saté, in hamburger, in karbonade, in woarst en in filetlapke. Dêrneist is der salade en stokbôle by de fleet.
It soe moai wêze as eltsenien dy’t him opjûn hat no alfêst €10,- oermakket op rekkennûmer 349501033 fan SDS út Easterein û.f.f. SDS 65 jier BBQ.
Dit skeelt freed hiel wat wurk.

El Classico
Op tongersdei 23 augustus is de earste “El Classico” tusken Barcelona en Real Madrid alwer. It giet om de earste wedstryd om de “Supercopa” yn Spanje. Inkelde SDS’ers kinne it net litte om hjir hinne. Sa sil Jelmer Posthumus der mei in freon hinne en ek sil ien fan de wepmasters der hinne mei syn frou en Peppi & Kokki fansels.

Doarpentoarnoai
Op sneon 25 augustus is der yn Easterlittens in doarpentoernoai. Dit is net allinnich foar spilers fan VV Oosterlittens, mar ek foar oare fuotballers út omlizzende doarpen dy ’t graach fuotbalje wolle:


Harsens derby(818)
In knappe yngoai!
En de kopbal mei der ek wêze……………